Wapen fan Boalsert

Ut Wikipedy
Wapen fan Boalsert

It earste gemeentewapen fan Boalsert waard fêststeld op 25 maart 1818 en omskreaun as
Fan goud beladen mei in dûbele swarte earn. It skyld dekt mei in kroan en oan beide kanten fêstholden troch in kliuwende liuw yn natuerlike kleur. De liuwen sjogge om en de kroan is in keizerskroan.

Op 30 desimber 1955 kaam der in nij wapen
Yn goud in dûbele earn fan sabel, bekt, tonge en poaten fan keel. It skyld dekt mei in keizerskroan fan goud, fierd fan keel en holden troch twa omsjende liuwen fan goud, tonge en neilen fan keel.

It ûntstean is net krekt bekend en wêrom't foar de (keizerlike) earn keazen is, is net hielendal dúdlik. It wapen is yn elk gefal bekend út 1455. Op munten út dat jier en slein yn Boalsert stiet de dûbele earn al ôfbylde. Op de segels fan de stêd komt de earn pas oan de ein fan de 15e iuw foar. Op it âldste segel, mei ôfdruk út 1331 (?) stiet allinnich in kastiel fermelde. Op trije ferskillende 15e en 16e-iuwske segels stiet allinnich de dûbele earn. It grutsegel út 1640 toant it wapen ûnder in Goatyske nis mei St. Maarten. De meast wierskynlike ferklearring is dat it wapen, ynklusyf de keizerskroan, ôflaat is fan de Dútske Hânze, dêr't Boalsert lid fan wie. De Hânze fierde ek de dûbele earn op har wapen. Nei de ynliving fan Fryslân troch Keizer Karel V yn 1523 waard de stêd yn har wapen befêstige troch de keizer. De keizerskroan is yn de rin fan de jierren troch it stedsbesjoer lykwols mear kearen ferfongen troch in fiifblêdige (kenings)kroan.

By de oanfraach yn 1815 waard wol wer om de keizerskroan frege. Yn 1955 besleat de gemeente it wapen feroarje te litten, omdat de gemeenteried net tefreden wie mei it feit dat de liuwen omsjend ôfbylde wienen, dizzen hearden normaal (=klimmend) ôfbylde te wurden. Boppedat woe de gemeente de keizerskroan dúdlik bekreaum hawwe en de earn read te 'wapenjen' (reade klauwen en snaffel). It lêste mear yn oerienstimming mei de kleuren fan de Dútske earn. De Hege Ried fan Adel hat dit fersyk honorearre, mar de liuwen binne omsjend bleaun.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Van den Bergh, 1878;
  • Andela, 1988;
  • Ljouwerter Krante 7 maaie 1955.