Wapen fan Easterlittens
Appearance
It wapen fan Easterlittens is it wapen fan it doarp Easterlittens, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 2001 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Trochsneid: I. yn sulver in blau Andreaskrús; II. yn read yn gouden peal, yn de skyldfoet belein mei in swarte pot en yn it read oan wjerskanten ferhege beselskippe fan in gouden peinje.
De heraldyske kleuren binne: sulver, azuer (blau), kiel (read), goud en sabel (swart).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden peal: ferwizing nei it "Pealtsje fan Easterlittens" dat in rol spilet yn in sêge.
- Swarte pot: makket ek diel út fan de sêge. De muntenskat waard oantroffen yn in pot.
- Gouden pinningen: ek in ferwizing nei de muntenskat út de sêge. Dêrneist ferwize se nei de feemerk fan it doarp en it tolhûs dat by de krúsing stie fan de Frjentsjerter Feart en Boalserter Feart.
- Andreaskrús: stiet ek symboal foar de krúsing fan de Frjentsjerter Feart en Boalserter Feart.
- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Littenseradiel.