Wapen fan Drachten
Appearance
It wapen fan Drachten is it wapen fan de flekke Drachten, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1986 registrearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Drachten is ien fan de Fryske plakken dêr't in âld wapen fan oerlevere is. It wapen komt foar op de wynwizer fan de Grutte Tsjerke fan Drachten út 1743.
-
It wapen fan Drachten op de wynwizer fan de Grutte Tsjerke.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Lykas bekend is fiert Drachten in wapen fan sulver mei trije swarte turven deryn, pleatst twa-ien. It wapen wurdt bedutsen troch in kroan fan trije blêden en twa pearels.
De heraldyske kleuren binne: sulver en sabel (swart). It skyld wurdt bedutsen troch in saneamde "flekke-kroan".
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Turven: ferwizing nei de feanterij yn de omkriten fan it plak.
- Kroan: it wapen wurd bedutsen troch in "flekke kroan", brûkt by wapens fan plakken mei stedske kinmerken (flekke).