Springe nei ynhâld

Flagge fan Drachten

Ut Wikipedy
Flagge fan Drachten

De flagge fan Drachten is de flagge fan de flekke Drachten, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. De flagge waard yn 1986 registrearre.

De beskriuwing fan de flagge is:

Twa like lange banen: de boppeste read mei dêrop de giele wynwizer fan de Grutte Tsjerke: trije turven mei in kroan fan trije fleurons en twa pearels, by elkoar bûn troch bân yn "régence"-styl; de ûnderste besteande út sân like hege banen fan wyt en swart ensafierder.

De kleuren komme út it wapen fan Drachten.

  • Wynwizer: oernommmen oan de wynwizer fan de Grutte Tsjerke fan Drachten.
  • Swarte en wite banen: ferwiist nei de feanterij yn de omkriten fan de flekke.