Springe nei ynhâld

Wapen fan De Skâns-Oostmahorn

Ut Wikipedy
Wapen fan De Skâns-Oostmahorn

It wapen fan De Skâns-Oostmahorn is it wapen fan it doarp De Skâns-Oostmahorn, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 2008 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn blau in wyt út de skyldfoet opsizende skânsdwinger fan goud yn de skyldfoet mei in sulveren kokkelskulp; yn de weagjende skyldkop fan goud in read kanon.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, sulver, en kiel (read).

  • Skeandwinger: stiet foar de skâns dy hjir oanlein waard yn de 16e iuw. De kleurstelling is oernommen út it wapen fan Fryslân.
  • Kanon: ferwiist nei it kanon dy't op de skâns stie. De reade kleur stier foar gefaar. It kanon is op it easten rjochte omdat de bedriging út dizze rjochting kaam.
  • Skulp en wearjende dielline: ferwizing nei de eardere Lauwerssee wêr't it doarp oan lei. De sulveren kleur fan de skulp is oernommen út it wapen fan East-Dongeradiel.