Willem Albertus van Es

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan W.A. van Es)
Jump to navigation Jump to search

Willem Albertus van Es (Grins, 1 april 1934) is in Nederlânsk archeolooch, opgraver fan Dorestêd en earder direkteur fan de Rykstsjinst foar Aldheidkundich Boaiemûndersyk.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wim van Es studearre klassike archeology, âlde skiednis en prehistoarje oan de Ryksuniversiteit te Grins, dêr't hy yn 1959 cum laude foar ôfstudearre. Hy wurke op dat stuit, nei in betrekking as studint-assistint en ûndersyksmeiwurker oan it Biologysk-Archeologysk Ynstitút, al oan in akademyske ynstelling.

Fan 1960 oant 1965 wurke hy by it Drintsk Museum te Assen en it Grinzer Museum. Dêrtroch wie hy belutsen by de opgravings te Wijster, dêr't in Germaanske pleats fûn waard dy't it idee fan in "primitive" maatskippij ûnderút helle. Yn 1967 promovearre hy op dat ûnderwerp.

Fan 1965 ôf oant 1988 wie er, as direkteur fan de Rykstsjinst foar Aldheidkundich Boaiemûndersyk (tsjintwurdich de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed, ien fan de arsjitekten fan it archeologysk monumintebelied, dat resultearre yn de erkenning fan it boaiemargyf yn de Monumintenwet. Yn dy tiid wy hy belutsen by de opgravings fan Dorestêd en publisearre er syn boek De Romeinen in Nederland, dat oant ûngefear 2000 de bekendste synteze wie oer it ûnderwerp.

Hy wie teffens wurksum as heechlearaar oan de Amsterdamske Frije Universiteit, dêr't hy ivere foar it trochbrekken fan de grins tusken klassike en prehistoaryske archeology.

De W.A. van Es-priis foar jonge archeologen is nei him ferneamd.

Underskiedingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1978 Lidmaatskip Keninklike Nederlânske Akadeemje fan Wittenskippen
  • 1993 Earedoktoraat Katolieke Universiteit Leuven

Publikaasjes (seleksje)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wijster, a Native Village Beyond the Imperial Frontier (1967, proefskrift)
  • De Romeinen in Nederland (1972; in protte werprinten)
  • Archeologie in Nederland (1988)
  • Romeinen, Friezen en Franken in het hart van Nederland. Van Traiectum naar Dorestat (50 f.Kr. - 950 n.Kr.) (1994; synteze fan it ûndersyk lâns de Kromme Ryn)