Biologysk-Archeologysk Ynstitút
It Biologysk-Archeologysk Ynstitút (BAI) wie in ynstelling fan de Ryksuniversiteit Grins foar ûndersyk en ûnderwiis op it mêd fan archeology en prehistoarje yn benammen it noardwesten fan Europa.
It waard oprjochte yn 1920 troch- en oant 1954 laat troch A.E. van Giffen, dêrnei oant 1987 troch H.T. Waterbolk. Yn 1998 is it BAI opgien yn it Grinzer Ynstitút foar Archeology dat archeologysk ûndersyk yn it mediterane gebiet en it noardpoalgebiet docht. It BAI hat stúdzjesamlingen op it mêd fan de Europeeske prehistoarje, de paleo-botany en de archeo-soölogy en ek in grutte kolleksje fjildtekeningen en foto's oer de opgravingen dy't it sels dien hat.
Fan begjin ôf oan hat it Ynstitút oparbeide mei de Feriening foar Terpûndersyk, de Drintske Prehistoaryske Feriening en de museums yn Noard-Nederlân.
It BAI joech sûnt 1951 in eigen wittenskiplik tydskrift út Palaeohistoria en sûnt 1989 in jierberjocht, Paleo-Aktueel.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- H.T. Waterbolk, 'Het BAI na vijftig jaar', Jierboek fan de Ryksuniversiteit Grins (1971).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|