Springe nei ynhâld

Vorotnavank

Ut Wikipedy
Vorotnavank
Որոտնավանք
Lokaasje
lân flagge fan Armeenje Armeenje
provinsje Sjûnik
koördinaten 39°29'N 46°07'E
Kleastergegevens
denominaasje Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
oprjochting 11e iuw
Kaart
Vorotnavank (Armeenje)
Vorotnavank

Vorotnavank (Armeensk: Որոտնավանք) is in kleasterkompleks yn 'e delling fan 'e rivier de Vorotan. It kleaster leit tusken de doarpen Vaghatin en Vorotan, likernôch 14 km east fan Sisian yn 'e Armeenske provinsje Sjûnik. It kleaster wurdt omklamme troch in hege stiennen muorre om it tsjin fijannelike ynvaazjes te beskermjen. De Armeenske midisuwske filosoof en teolooch Hovnan Vorotnetsi (1315-1398) en stifter fan 'e Tatev Vadapetaran Universiteit wurke en libbe yn it kleaster.

Tsjerken fan Vorotnavank

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens histoarikus Stepanos Orbeljan waard de âlde Gregoariustsjerke fan Vorotnavank (ferneatige troch Seltsjoekske oanfallen en ierdskoddings) stifte troch Grigor Lûsavoritsj (Gregoarius de Ferljochter) en werboud troch in hearremyt mei de namme Stephanos. Yn 'e midsiuwen stie dy tsjerke bekend dêr't minsken genêzen waarden fan in slangebyt en it wie yn dy tiid in ferneamd beafeartsplak.

De belangrykste hjoeddeiske tsjerke is de Sint-Stefanustsjerke (Soerb Stephanos), dy't yn opdracht fan keninginne Sjahandûcht om 1000 hinne boud waard. Foar dy tiid stie dêr in hillichdom foar Gregoarius de Ferljochter. Op it súdeastlike ein fan 'e tsjerke stienen fjouwer sakristy's.

De twadde tsjerke is de Jehannes de Doper-tsjerke (Soerb Karapet), dy't yn 'e jierren 1006-1007 yn opdracht fan Sjahandûcht's soan Sevada boud waard. It gebou hat in portikus mei trije bôgen foar de gevel. It krúsfoarmige gebou hat in hege rûne tamboer en dêrop in rekonstruearre koepel.

Fierder bestiet it kompleks út noch in kapel, de ruïnes fan ferskillende oare gebouwen en in diel fan 'e muorre om it kleaster.

It kleaster hat yn 'e rin fan 'e tiid faak te lijen hân fan fijannige ynvaazjes. Yn 1004 foelen Seltsjoeken it kleaster en it tichteby lizzende fort Vorotnabert oan. De Armeenske prins Ivane Zakarjan befrijde it kleaster krapoan 100 jier letter en droech it mei it fort oan it Orbeljan-skaai oer. Under de oare ynvaazjes wiene ek dy fan 'e Gouden Heap (1236) en letter Timoer Lenk yn 1386.

Troch de deportaasje fan Armeenjers nei Perzje yn 'e 16e iuw kaam it kleaster leech te stean. Nei de weriepening yn 'e 17e iuw bleau der oant yn 'e 19e iuw in lytse kleastermienskip.

By de lêste ierdskodding fan 1931 stoarte de hjoed-de-dei rekonstruearre koepel fan 'e Karapettsjerke yn.

Der wie ûndergrûnsk in ferbining tusken it fort en it kleaster, dat brûkt waard as fijannen it kleaster omsingelen. Sûnt 1980 wurdt der wurke oan 'e restauraasje fan it kompleks.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Vorotnavank