Volodymyr (stêd)
Volodymyr (stêd) | ||
Untsliepeniskatedraal (1160) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Oekraïne | |
oblast | Wolhynje | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 37.910 (2022) | |
Oerflak | 16,05 km² | |
Hichte | 174 m. | |
Oar | ||
Koördinaten | 50° 50' N 24° 19' E | |
Offisjele webside | ||
volodymyrrada.gov.ua | ||
Kaart | ||
Volodymyr (Oekraynsk: Володимир; fan 1944 oant 2021 Володимир-Волинський, Volodymyr-Volynsky; Russysk: Владимир Vladimir, Poalsk: Włodzimierz) is in stêd yn 'e oblast Wolhynje (Oekraïne).
Volodymyr is de haadstêd fan it rajon Volodymyr, mar makke dêr oant july 2020 bestjoerlik sels gjin diel fan út.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd, dy't yn 884 foar it earst fermeld waard yn in histoaryske boarne, is ferneamd nei Vladimir fan Kiëv en wie it haadplak fan de histoaryske regio Wolhynje. Yn dy tiid hiet de stêd noch Vladimir.
Fan it ein fan 'e 10e iuw oant 1336 wie it foar in skoft de haadstêd fan it Aldrussyske foarstedom Wolhynje (ek Lodomearje) en letter ûnder de sûnt 1170 hearskjende grutfoarst Roman sûnt 1199 fan de ferienige foarstendommen Halytsj en Wolhynje. Om 1240 hinne waard it foarstedom ûnderhearrich oan de Mongoalen.
Sûnt healwei de 12e iuw wie Vladimir de sit fan in otterdoks bisdom.
Yn 1349 oermastere de Poalske kening Kasimir III de stêd, dy't yn 1431 it Maagdenburger stedsrjocht krige. Fan 1452 oant de Uny fan Lublin hearde de stêd by it Gruthartochdom Litouwen.
Poalske tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1569 hearde de stêd ta de Poalske kroan of it Poalsk-Litouske Mienebest. Yn de Russysk-Poalske Kriich fan 1792 fûn op 17 july 1792 de Slach by Włodzimierz plak. In lytse Poalske striidmacht ûnder lieding fan Tadeusz Kościuszko wûn it fan it Russyske leger.
Russyske Ryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Twadde Dieling fan Poalen yn 1793 kaam de stêd yn it Russyske Ryk te lizzen en sûnt 1795 yn it nije gûvernemint Wolhynje.
By in folkstelling yn 1897 telde de stêd 9.883 ynwenners.
Yn 'e Earste Wrâldkriich waard de stêd troch troepen fan Eastenryk-Hongarije beset.
Nei de Poalsk-Russyske Oarloch (1919-1921) foel de stêd wer oan Poalen ta en waard de stêd, dy't no wer Włodzimierz hjitte, de haadstêd fan it woiwodskip (provinsje) Wolhynje.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens it tusken Nazy-Dútslân en de Sovjet-Uny sletten Molotov-Ribbentroppakt waard de stêd op 19 septimber 1939 beset troch it Sovjet-leger. Op 23 juny 1941 folge de besetting fan de Dútsers en fuort dêrnei de ferfolging fan de joaden. Begjin september 1942 waarden fan de 15.000 ynwenners fan it joadske getto likernôch 13.500 joaden fermoarde. Yn it ramt fan dy aksje op de feestdei Jom Kipoer waard ek de grutte synagoge fan de stêd yn 'e brân stutsen. De goed 1.000 joadske twangarbeiders dy't ynearsten noch yn libben bleaune, waarden yn desimber 1943 troch it Sonderkommando 4b der SS-Einsatzgruppe C deasketten. Dêrmei wie de Endlösung yn it Reichskommissariat foltôge.
Yn 1943 waard it fan 'e Dútsers besette Włodzimierz in plak dêr't Poalen beskerming sochten om oan de slachting fan Oekraynske nasjonalisten fan it Oekraynske Opstannelingeleger (UPA) te ûntkommen. De Poalen waarden sawol ferdigene troch de fan de mei ynstimming fan de Dútsers ynstelde Poalske plysje as troch in yllegale selsferdigeningsienheid. De oanfallen fan de UPA fûnen benammen yn 'e bûtenwiken plak, mar neffens ûndersyk fan Władysław Siemaszko en Ewa Siemaszko waarden by 12 oanfallen dochs noch 111 Poalen troch it UPA fermoarde.
Nei 1945
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 20 july 1944 waard de stêd nei in fûle striid troch it Reade Leger befrijd. Oant dat stuit hearde de stêd noch by Poalen, mar de lânsgrinzen waarden op 'e nij fêststeld. De Poalske ynwenners waarden útset en nei it nei it westen ta ferskode Poalen útset, wylst de stêd by de Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk foege waard. Włodzimierz waard sûnt dy tiid Volodymyr-Volynsky (Volynsky ferwiisde nei Wolhynje).
Op 15 desimber 1921 waard de tafoeging 'Volynsky' fan de offisjele namme ferwidere.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd leit oan de rivier de Lûha yn it west fan de oblast Wolhynje, net fier fan de Poalske grins. Fiif kilometer súd fan 'e stêd leit it kleaster fan Zymne. Grutte stêden yn 'e omkriten binne Kovel (50 km), Lûtsk (70 km) en Hrubieszów yn Poalen (30 km).
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Uspenski- of Untsliepeniskatedraal út 1160
- De Basiliustsjerke út de 14e iuw mei twa fan sipels bekroande tuorren út de 20e iuw
- De barokke Joachim- en Annatsjerke út 1752
- De fan Michal Radzimiński yn 'e jierren 1755–1766 boude Jezuïetentsjerke.
- De Sint-Nikolaastsjerke út 1780
- It Paleis fan de biskoppen fan Vladimir
- De histoaryske binnenstêd (14e-16e iuw)
- Joadske tsjerkhôf
Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Weblinks en/of Einzelnachweise, op dizze side.
|