Untsliepeniskatedraal (Volodymyr-Volinskyj)

Ut Wikipedy
Untsliepeniskatedraal

Свято-Успенський кафедральний собор

bouwurk
lokaasje
lân Oekraïne
oblast Wolynje
plak Volodymyr-Volinskyj
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1156-1160
boustyl Byzantynske styl
offisjele webside
Side

De Untsliepenis- of Marije-Himelfeartkatedraal (Oekraynsk: Свято-Успенський кафедральний собор) is in katedraal yn Volodymyr-Volynskyj yn it westen fan de Oekraïne. De katedraal waard yn 1160 wijd en heart ta de âldste tsjerken fan it histoaryske Wolynje. De katedraal tsjinnet as de biskopsit fan de epargy Volodymyr-Volynskyj fan de Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke (partriargaat Moskou).

De katedraal waard yn de jierren 1156-1160 ûnder foarst Mstislav II fan Wolhynje boud. Yn 1596 gyng it gebou mei de parochy troch it ûnderskriuwen fan de biskop fan de Uny fan Brest oer nei de nije Oekraynsk-Uniëarre Tsjerke. Yn 1683 rekke de katedraal by in stedsbrân, dy't de hiele stêd plat lei, slim skansearre. Pas yn 1753 waard de tsjerke yn barokke styl wer opboud. Sûnt 1772 waard de katedraal brûkt foar opslach en sette it ferfal yn. Yn de rin fan de 19e iuw feroare it gebou yn in ruïne en yn 1829 stoartten de bôgen en koepels yn.

De katedraal foar de rekonstruksje

Fan 1896 oant 1900 waard de katedraal wer yn orizjinele steat rekonstruearre. Dat wie te tankjen oan de stifting fan in bruorskip, dy't û.o. as doel hie tsjerklike saken te ûnderstypjen.

Tegearre mei de wente fan de biskop, de klokketoer en de poarte mei muorre foarmet de katedraal de fersterke residinsje fan de biskoppen fan Wolhynje.

Yn de katedraal lizze û.o. de grêven fan seis foarsten en twa biskoppen. De Untsliepeniskatedraal is in arsjitektoanysk monumint en opnommen yn it register fan it Nasjonaal-kultureel Erfgoed fan de Oekraïne.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: