Springe nei ynhâld

Volgodonsk

Ut Wikipedy
Volgodonsk
Fredich Atoom (symboal fan Volgodonsk)
FlaggeWapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Rostov
Sifers
Ynwennertal169.953 (2017)
Oerflak182,3 km²
Befolkingstichtens932 ynw./km²
Hichte50 m
Oar
Stifting1950
Simmertiid(UTC+3)
Koördinaten47° 32' N 42° 12' E
WebsideSide fan de stêd

Volgodonsk (Russysk: Волгодо́нск) is in stêd yn de oblast Rostov yn Ruslân. Volgodonsk hat in drokke haven en is in lokaal yndustrieel sintrum mei wat swiere yndustry.

De stêd leit yn de Don-regio yn de oblast Rostov, likernôch 1000 súdlik fan Moskou en ûngefear 190 km. eastlik fan Rostov oan de Don. De stêd dy't it meast deunby leit is Zimljansk, sa'n 20 kilometer noardlik fan Volgodonsk.

Volgodonsk (letterlik "Wolga-Don-Stêd") waard yn 1950 as in arbeiderskoloanje foar de bou (en letter it ûnderhâld) fan it Wolga-Don-kanaal oanlein en krige yn 1956 stedsrjochten.

Yn de jierren 1999 en 2000 waard de stêd tegearre mei Bûjnaksk en Moskou troffen troch in rige terroristyske oanslagen op appartemintekompleksen, wêrby 't yn Volgodonsk 14 deaden foelen.