Katedraal fan de Berte fan de Hear (Volgodonsk)
Bertekatedraal
Собор Рождества Христова | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | 47° 31' N 42° 12' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 2001-2011 | |
boustyl | Russysk-byzantynske styl | |
offisjele webside | ||
viseparchia.ru |
De Katedraal fan de Berte fan de Hear (Russysk: Кафедральный собор Рождества Христова) is in otterdokske katedraal yn Volgodonsk, Ruslân. It is de haadtsjerke fan it yn 2011 oprjochte bisdom Volgodonsk.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mei de bou fan de katedraal waard yn 2001 begûn, mar de bou stûke al gau fanwegen brek oan jild. Op 15 oktober 2008 koe it wurk mei help fan de Kearnsintrale Rostov wer oppakt wurde. Yn de perioade 2008-2011 waard op de grûn fan de katedraal in lytse tsjerke ta eare fan Fjodr Usjakov as in monumint foar Ruslân's meast ferneamde 18e-iuwske marine-admiraal boud. Ek waarden der 13 klokken foar de klokketoer getten.
Op 1 augustus 2010 koe de earste Godlike Liturgy yn de oan Serafim fan Sarov wijde benedentsjerke fan de katedraal fierd wurde. Serafim fan Sarov is troch de Russysk-Otterdokske Tsjerke as patroanhillige fan de wurknimmers fan de kearnsintrales beneamd.
Tsjin it ein fan 2010 waarden de fjouwer lytse koepels en yn jannewaris 2011 de sintrale koepel op it bouwurk takele. De hichte fan de katedraal is 56 meter, ynklusyf it krús 58 meter.
It is it doel om op in terrein fan 7 hektare in kompleks fan gebouwen del te setten. Sa moat der noch in klokketoer, in sneinsskoalle, in ikoane-atelier, in boarterstún, in rekreaasjeromte en ûnderkommen foar pylgers komme.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Рождества Христова (Волгодонск)
|