Vladimir Voijnovitsj
Vladimir Nikolajevitsj Voijnovitsj (Владимир Войнович) (Dûsjanbe, Tadzjikistan, 26 septimber 1932 - Moskou, 27 july 2018) wie in (Sowjet)-Russyske satiryske skriuwer en dissidint. Syn heit wie in sjoernalist fan Servysk komôf, syn mem wie fan joadsk komôf en wie heechlearaar wiskunde. Syn foarfaar, Ivo Vojnovitsj, wie in foaroansteand Servysk skriuwer út Dubrovnik.
Voijnovitsj waard yn de Sowjet-Uny tige ferneamd mei syn ferhaal 'Ik wol earlik wêze' út 1963. Syn wichtichste wurk ferskynde yn Parys yn 1975: 'De nuveraardige aventoeren fan soldaat Iwan Tsjonkin' (Russysk: Жизнь и необычайные приключения солдата Ивана Чонкина"). It boek is ek ferfilme troch de ferneamde Tsjechyske filmregisseur Jiří Menzel.
Yn syn Tsjonkin tekenet er de ienfâldige, wat ûnnoazele soldaat Tsjonkin dy't him steande hâldt yn in rasjonele, op 'e rin rekke wrâld (de Sowjet-Uny oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich) mei al syn ûnnatuerlike regels en foarskriften. Tsjonkin giet op syn gefoel ôf en brûkt syn boereferstân, libbet sa't gewoane minsken altyd dogge en bringt sa de gigantyske Sovjetmacht yn betizing. Voijnovitsj syn personaazjes binne represintatyf foar de stalinistyske Sovjetmaatskippij.
Vijnovitsj krige swierrichheden mei de oerheid doe't er in petysje mei ûndertekene dy't feroardielde skriuwers Andrej Sinjavski, Joery Galanskov, Ginzburg) begeunstigje moast. Yn 1980 waard er ferbanne nei it Westen. Hy sette him ta wenjen yn München, West-Dútslân en wurke letter foar Radio Liberty.
Gorbatsjov joech him syn Sovjetboargerskip yn 1990 werom en sûnt wenne er meastentiids yn it nije Ruslân.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1963 Chotsjoe byt tsjestnym ('Ik wol earlik wêze')
- 1967 Dva tovarisjtsja ('Twa kameraden')
- 1969-1975 Zjizn i neobytsjajnye prikljoetsjenija soldata Ivana Tsjonkina ('De nuveraardige wederwaardichheden fan soldaat Tsjonkin')
- 1972 Stepen doverija ('Mjitte fan fertrouwen')
- 1973 Putjom vzaimnoj perepiski ('Middels korrespondinsje fan twa kanten')
- 1976 Ivankiada of Rasskaz o vselenii pisatelja Vojnovitsja v novoejoe kvartiroe (Ferhaal oer it nije appartemint fan de skriuwer Vojnovitsj)
- 1979 Pretendent na prestol: Novye prikljoetsjenija soldata Ivana Tsjonkina (De troanpretendint: Nije avontueren fan soldaat Ivan Tsjonkin)
- 1985 Anti-sovetski Sovetski Sojoez (Anti-sovjet Sovjet-Uny)
- 1986 Moskva 2042
- 1988 Sjapka ('De mûtse')
- 1994 Zamysel ('It plan')
- 2000 Monoementalnaja propaganda ('Monumintale propaganda')
- 2002 Portret na fone mifa ('Portret tsjin de eftergrûn fan in myte')
- 2007 Перемещённое лицо (displaced person, tredde part fan de Soldaat Tjonkin-trilogy)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vladimir Voinovich fan Wikimedia Commons. |
- Tadzjyksk romanskriuwer
- Tadzjyksk dichter
- Tadzjyksk polityk aktivist
- Russysk romanskriuwer
- Russysk dichter
- Russysk polityk aktivist
- Dissidint yn de Sovjet-Uny
- Tadzjyksk persoan fan Joadsk komôf
- Tadzjyksk persoan fan Servysk komôf
- Russysk persoan fan Joadsk komôf
- Russysk persoan fan Servysk komôf
- Russysk persoan fan Tadzjyksk komôf
- Persoan berne yn 1932
- Persoan stoarn yn 2018