Springe nei ynhâld

Dûsjanbe

Ut Wikipedy
Dûsjanbe
Polityk
Lân Tadzjikistan
Sifers
Ynwennertal 679.400 (2008)
Oerflak 124 km²
Befolkingsticht. 5.240 / km²
Hichte 705 m
Oar
Stifting 1924
Tiidsône GMT(UTC+5)
Koördinaten
Offisjele webside
www.dushanbe.tj

Dûsjanbe is de haadstêd fan it Sintraal-Aziatyske Tadzjikistan en fan de Regio ûnderoardere oan de republyk. De stêd leit yn de Hisordelling en hie yn 2000 562.000 ynwenners. Dûsjanbe leit op it plak dêr't de rivieren Varzob en Kofarnihon byelkoar komme.

Hoewol't dêr archeologyske fynsten út de 5e iuw f.Kr. yn de omkriten dien binne, binne der fierders gjin oanwizingen dat Dûsjanbe oant begjin 20e iuw ea mear as in lyts doarp west hat. Yn 1920 skûle de lêste emyr fan Bûkara in skoft yn Doesjanbe nei't er troch de Bolsjewistyske revolúsje ôfset wie.

Doesjanbe waard fan 1924 planmjittich boud op it plak dêr't it Reade Leger it doarp Doesjanbe-bozor (Perzysk: de 'moandeismerk') ferwoastge hie. Letter waard dy namme ferkoarte ta Dûsjanbe ('moandei').

De stêd waard útboud ta de haadstêd fan Tadzjikistan, dat fan oktober 1924 ôf in autonome republyk yn de Sosjalistyske Sovjetrepublyk Oezbekistan wie. Op 15 oktober 1929 waard de Sovjetrepublyk Tadzjikistan foarme, de republyk dy't op 9 septimber 1991 in ûnôfhinklik lân waard. Fan 1929 oant 1961 hjitte de stêd Stalinabad.

Nei 1924 groeide it ynwennertal flink. Yn 1925 wienen der noch 6000 ynwenners, yn 1939 wiene dat 83.000 en by de fal fan de Sovjet-Uny wennen der sa'n 300.000 minsken yn de stêd. Yn de tiid fan de Sovjet-Uny bestie in grut part fan de befolking fan Dûsjanbe út Russen. Sûnt de ûnôfhinklikheid fan Tadzjikistan en de dêrnei folgjende boargerkriich binne de measte Russen ôfset en hat der in ynstream fan Tadzjiken út oare parten fan it lân west.

Dûsjanbe is in wichtich sintrum fan de katoenyndustry. Fierders wurdt dêr side, masines, elektryske apparaten, klean, lear en trekkerûnderdielen produsearre. De stêd is rom opset, mei in protte beammen. fontinen en brede strjitten.

It besjen wurdich binne ûnder oaren:

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Dushanbe