Springe nei ynhâld

It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan

Ut Wikipedy
It Libben fan de Hillige Abt en
Bychtfaar Brendan
algemiene gegevens
oarspr. titel Vita Sancti Brendani Clonfertensis
auteur anonimus
taal Latyn
foarm hilligelibben
skreaun 10e iuw
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Libben fan de Hillige Abt
   en Bychtfaar Brendan
publikaasje 2012, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Eibert van der Veen
ISBN oers. 978-9 08 95 44 254

It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan, yn it oarspronklike Latyn: Vita Sancti Brendani Clonfertensis, is in hilligelibben of hagiografy fan in anonime skriuwer út 'e tsiende iuw oer de Ierske tsjerkfaar en hillige Brendan (of Brandaan) fan Clonfert484577), deselde nei wa't û.m. de Brandaris op Skylge neamd is. De Fryske oersetting fan Eibert van de Veen waard yn 2012 útjûn as ûnderdiel fan 'e bondel Sint Brandaan yn Fjouwerfâld.

Sint Brandaan yn Fjouwerfâld.

It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan fertelt oer it libben fan Sint Brandaan, fan syn berte oant syn dea, mar fermingt dêrby, sa't yn 'e Midsiuwen wenst wie, skiednis mei leginde. Sa binne der by syn berte al in smacht foartekens oer hoe'n grut man oft de poppe skielk wol net wurde sil en ek yn syn letter libben ferskine ferskate kearen ingels oan Brandaan. Neffens dit hilligelibben wurdt hy as jonkje, nei't er ien jier by syn âlden bleaun is, troch Erkus, in oare Ierske tsjerkfaar, ophelle. Dêrnei wurdt er noch fiif jier fersoarge troch de non Yta foar't er foargoed ûnder de hoede fan Erkus komt, dy't him yn 'e Tsjerke grutbringt. Meitiid ûntjout er him ta in grut tsjerklieder, de stifter fan ferskate kleasters en midsman tusken de stridende lânsdielen Konnacht en Meunster. Hy stjert op 'e âldens fan 93 jier.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan 'e Vita Sancti Brendani Clonfertensis ferskynde yn 2012 ûnder de titel It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan, as ûnderdiel fan 'e bondel Sint Brandaan yn Fjouwerfâld (yn 'e mande mei It Gebed fan Sint Brendan, De Seereis fan de Hillige Abt Brendan en De Reis fan Sint Brandaan) by Utjouwerij Elikser te Ljouwert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Eibert van der Veen, dy't dêr de ferzje foar brûkte dy't yn 1930 troch de jezuyt Paulus Gosjean gearstald waard út ûnderskate út 'e Midsiuwen oerlevere hanskriften.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: