Filla Bouchina
Appearance
(Trochferwiisd fan Villa Bouchina)
Filla Bouchina is in gebou yn Doetinchem (Gelderlân), boud om 1900 hinne, dat yn de Twadde Wrâldkriich brûkt waard as finzenis foar joaden dy't, fanwege bysûndere fertsjinste, spesjale beskerming fan de Dútsers hiene. Dat wie in taktyk dy't in part wie fan it Plan Frederiks - minsken dy't faaks rjocht hienen op sa'n lúks plak soenen net sa gau ûnderdûke.
Der bedarren úteinlik mar njoggen minsken yn de filla. Op 21 april 1943, goed twa moanne nei't se oankaam wienen, waarden hja deportearre nei Theresienstadt.
Yn Barneveld wienen noch twa fergelykbere kampen, kastiel De Schaffelaar en Hûs De Biezen. Yn dy twa kampen waarden yn totaal neistenby 700 joaden opsletten.
De finzenen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jo Spier
- Tineke Spier-van Raalte
- Peter Spier
- Céline Spier
- Tom Spier
- Simcha Selina Ancona
- Abraham Spetter
- Paul Drukker
- Kaatje van Lunenburg-Groen
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- VillaBouchina.nl
- Boekbesprekking: Chris van der Heijden, Joodse NSB'ers, De vergeten geschiedenis van Villa Bouchina in Doetinchem