Van Oordt's Mersken
Van Oordt's Mersken | ||
lokaasje | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Opsterlân | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 842 ha |
Van Oordt's Mersken is in natuergebiet tusken de Fryske doarpen Nij Beets, Beetsterzwaag en De Gerdyk yn. It gebiet is part fan Natura 2000. De middenrin fan it rivierke De Boarn leit yn dit gebiet. De A7 trochsnijt it gebiet fan it noardeasten nei it súdwesten. De Nije Feart foarmet de westgrins fan it gebiet.
It gebiet leit op de oergong fan sân- (yn it easten) nei leechfeangrûn. It is in wichtich gebiet foar blaugers, djerreblom en oare planten dy't net algemien mear foarkomme. Ek komme der út en troch hoantsen foar. Van Oordt's Mersken is oerbelêste troch stikstof.[1]
Benammen yn it hegere eastlike diel fan de Mersken komme tsientallen ûndjippe kûlen mei is ôfwikende fegetaasje foar. Dy kûlen hawwe in trochsneed fan op syn heechst in pear meter en in djipte fan mar twa oant trije sentimeter. Earst om 2020 hinne waard út boaimûndersyk dúdlik dat it nei alle wierskyn dalygatten binne dêr't balstienliem út wûn waard. De kûlen waarden nei alle gedachten wer mei fean tichtsmiten. Yn de fiedselearme grûn fan de kûlen komt op plakken bygelyks it seldsume Triedsigge (Carex lasiocarpa) foar.[2]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|