Springe nei ynhâld

Van Harenshûs

Ut Wikipedy
Van Harenshûs

It Van Harenshûs wie in state yn Sint-Anne, gemeente It Bilt, beëasten it rjochthûs yn de buorren fan it doarp en skean foar de tsjerke oer.

It hûs waard yn 1673 boud op it plak fan in âlder hûs. De âldst bekende Van Haren wie Adam van Haren, dy't as wettergeus meidie oen de ynname fan Den Briel yn 1572. Dêrnei kaam hy earst yn tsjinst fan Willem fan Oranje en letter fan Willem Loadewyk, steedhâlder fan Fryslân. Troch dy lêste oanstelling, ferhuze hy nei Fryslân.
Syn pakesizzer Willem van Haren waard yn 1652 grytman fan It Bilt. Dêrneist wie hy ek lid fan de Steaten Generaal, de Ried fan Steat, en ambassadeur fan Denemark, Sweden en Ingelân en bûtengewoan gesant. Yn 1658 troude hy mei Elisabeth fan Hemmema en inkele jierren letter hierden se it hûs fan de sekretaris fan it Bilt, Albertus Wijngaarden.

Neidat Willem en Elisabeth it hûs kocht hienen, lieten se it ± 1673 ferfange troch in folslein nij hûs, wêrby't oan de súdside de grutte tuinen en singels mei fivers en plantaazje oanlein waarden. De famylje Van Haren wie grytman fan It Bilt fan 1652 oant 1763 en dêrnei noch fan 1788 oant 1795. Nei it útstjerren fan de famylje waard it hûs ôfbrutsen.

Spitigernôch binne der gjin ôfbylden fan it Van Harenshûs bewarre bleaun, allinnich in grûnplan. It hûs bestie út in grut haadgebou dat oan de strjitte stie. Oan de efterside sieten twa symmetryske L-foarmige fleugels. Yn 1732 wie der in grutte brân yn it hûs, dêr't de kostbere bibleteek en wichtige argyfstikken by ferlern giene. It Van Harenshûs waard werboud, mar lang hat it nije hûs net bestien, want foar 1800 waard it definityf ôfbrutsen.

  • ± 1660 Albertus Wijngaarden
  • ± 1660 Willem van Haren
  • ± 1673 nij hûs
  • 1732 werbou fan it hûs
  • ±1660 - 1795 famylje Van Haren

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: