Van Baerdt van Sminiabank

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Van Baerdt van Sminiabank
keunstwurk
Monumint foar âld-boargemaster Van Baerdt van Sminia
Monumint foar âld-boargemaster Van Baerdt van Sminia
bysûnderheden
jier 2006
keunstner Ids Willemsma
materiaal stiel
plak Akkrum
lokaasje Om ’e Toer by de Terptsjerke

It 'Monumint foar âld-boargemaster Van Baerdt van Sminia' is in keunstwurk en monumint yn Akkrum dat makke waard troch keunstner Ids Willemsma.

De bank betinkt de aktive rol fan de boargemaster yn de Twadde Wrâldoarloch. It keunstwurk hat de foarm fan in lege stoel. It symbolisearret it lege plak dat de boargemaster efterliet. Op de bank stiet de tekst: 'De kaai nei de frijheid, wie de skoattel op it libben'. It monumint waard ûntbleate op 4 maaie 2006.

Ald-boargemaster jonkhear Paul Marinus van Baerdt van Sminia fan Utingeradiel holp yn de oarlochsjierren holp hy delstoarte alliearde piloaten om it lân út te kommen. Hy waard dêrfoar postúm ûnderskieden troch it Kanadeeske regear. Doe’t de boargemaster begjin 1944 de reservekaai fan de sel yn it gemeentehûs beskikber stelde sadat fersetsman Sjerp de Vries flechte koe waard hy ferret en oppakt troch de besetter. De Dútsers fûnen yn it gemeentehûs belêstende ynformaasje dy’t de boargemaster yn ferbân brocht mei de piloatesmokkel. Van Baerdt van Sminia waard yn de Ljouwerter finzenis opsluten. It lokaal ferset bea oan om him te befrijen mar de boargemaster sloech dat oanbod ôf út eangst foar repressailles dy’t oan ûnskuldigen it libben kostje soene. Van Baerdt van Sminia waard, neidat er earst nei Kamp Amersfoort brocht wie, op transport steld nei kamp Neuengamme yn Dútslân. Op 24 april 1945 waard hy op it stasjon fan Sandbostel troch de besetter fusillearre.[1] Van Baerdt wurdt ek betocht yn in betinkingsraam yn de tsjerke fan Aldeboarn. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: