Valzer
Valzer | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Salvatore Maira[1] | |
produsint | Stefano Sciarra | |
senario | Salvatore Maira | |
muzyk | Nicola Campogrande | |
spilers | ||
haadrollen | Maurizio Micheli Valeria Solarino Marina Rocco Graziano Piazza Eugenio Allegri | |
byrollen | Zaira Berrazouga Cristina Serafini Giuseppe Moretti Francesco Feletti Francesco Cordio Benedicta Boccoli Rosaria Russo Giancarlo Judica Cordiglia | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Itaalje | |
premiêre | 18 novimber 1965 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | dramafilm | |
taal | Italjaansk | |
spyltiid | 90 minuten |
Valzer (Italjaansk foar "wals") is in Italjaanske dramafilm út 2007 ûnder rezjy fan Salvatore Maira, dy't foar it earst fertoand waard op it 64e Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje.[2]
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Assunta is in jonge frou dy't yn in lúkse hotel wurket, dêr't in ûnlijige gearkomste holden fan 'e lieding fan it Fuotbalbûn. Underwilens dûkt der in man op dy't krekt frijlitten is út it tichthûs en de heit blykt te wêzen fan Lucia, in freondinne fan Assunta. Lucia, dy't earder yn itselde hotel wurke, is jierren lyn ôfset om in karriêre yn 'e entertainmentyndustry op te bouwen. Dêr hat se har heit neat oer ferteld. Yn har plak hat Assunta al dy tiid kontakt holden mei har heit, wêrby't se har foardie as Lucia. De brieven fan Assunta hawwe Lucia har heit dertroch skuord doe't er fêstsiet, mar no't er frij is, ferwachtet er yn it hotel syn dochter oan te treffen en fynt ynstee Assunta, dy't him langer net mear foarlige kin. Se ûntdekke dat se in protte gemien hawwe en slute in freonskip wêryn't beiden treast fine en hoop foar de takomst.[3]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|