Utersum
| Utersum / Ödersem | ||
| Lokaasje gemeente Utersum (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Föhr-Amrum | |
| Gemeente-yndieling | 2 doarpskearnen | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 404 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 5,26 km² | |
| Befolkingsticht. | 77 ynw./km² | |
| Hichte | 3 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1 april 1934 | |
| Postkoade | 25938 | |
| Offisjele webside | ||
| www.utersum.de | ||
| Kaart | ||
Utersum (Feersk Noardfrysk: Ödersem, Deensk: Yttersum) is in plak en gemeente op it eilân Feer yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Föhr-Amrum en hat 404 ynwenners (2024).
Njonken it plak Utersum leit ek it doarp Hedehusum yn 'e gemeente. Oant 1969 wie Hedehusum in selsstannige gemeente.
Ut de skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Resten fan in hunebêd op it gemeentegebiet tsjûgje fan bewenning yn 'e stientiid. De trije noch bewarre grêfhichten mei de namme Triibergem tsjûgje fan bewenning yn 'e brûnstiid.
Yn 'e 17e en 18e iuw wie de walfiskfeart fan belang op Feer. In folkstelling yn 1787 wiisde út dat Utersum en Hedehusum tegearre 294 ynwenners hiene; 62 dêrfan wiene seelju. West-Feer mei Utersum hearden ta de enklaves fan it Keninkryk Denemark, wylst East-Feer en Wyk ta it hartochdom Sleeswyk hearden. Mei de anneksaasje fan it hartochdom Sleeswyk troch Prusen waard ek Utersum yn 1864 ûnderdiel fan Sleeswyk-Holstein.
By it referindum yn Sleeswyk fan 1920 stimden yn 'e twadde sône allinich Utersum en Hedehusum en it oanbuorjende Goting yn mearderheid foar de oansluting by Denemark. Om't de plakken net fuort oan 'e letter Deensk-Dútske grins leine, bleaune de plakken dochs Dútsk.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Grêfheuvel.
- Waadsee.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
