Untsliepeniskatedraal (Rostov)

Ut Wikipedy
Untsliepeniskatedraal
bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Rostov
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1508-1512

De Untsliepeniskatedraal (Russysk: Успенский собор; Uspenski sobor) yn Rostov, Ruslân, wie oant it ein fan de 18e iuw de katedraal fan it bisdom Jaroslavl. De katedraal stiet yn it kremlyn fan Rostov, in stêd yn it oblast Jaroslavl. By de katedraal stiet in frijsteande klokkestoel, ien fan de bekendste fan it lân.

Mei it letter boude kremlyn foarmet de katedraal in arsjitekturaal kompleks yn de âlde stêd. Benammen fan de kant fan de Neromar litte de monuminten fan it kremlyn harren op it aldermoaist sjen.

De katedraal is it rêstplak fan it noch geve lichem fan de hillige Sint-Leontius († 1077).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste tsjerke op it plak wie fan hout. Wannear't dy tsjerke boud waard is net bekend, mar yn 1160 feroarsake in brân de ferneatiging fan dy tsjerke. It jier dêrop waard yn opdracht fan Andrej Bogoljûbski, grutfoarst fan Vladimir, útein set mei de bou fan in wite stiennen tsjerke, dy't yn 1204 ôfbaarnde. De ferfanging fan dy tsjerke troch nijbou duorre 17 jier. In nije brân yn 1408 soarge foar grutte skea en it ynsakjen fan it ferwulft, mar der folge in restauraasje.

De hjoeddeiske katedraal stamt út de jierren 1508-1512.

Klokkestoel

Doe't tsjin it ein fan de 17e iuw de metropolyt Iona Sisojevitsj syn residinsje bouwe liet, dy't tsjintwurdich it kremlyn hjit, hie dat ek gefolgen foar de katedraal. De koepels waarden omfoarme ta sipelfoarmige koepels en oan de súdlike kant waard in plein oanlein.

Nei de ferhûzing fan de biskopssit nei Jaroslavl tsjin de ein fan de 18e iuw ferlearen de tsjerken fan Rostov harren belang. It grutte wurk dat nedich wie om se yn in goede steat te hâlden waard ústeld oant it begjin fan de 19e iuw.

Nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 waard de Unstliepeniskatedraal oerdroegen oan de oerheid en sletten, mar net ferneatige. De fûle stoarm fan 23 augustus 1953 diene de koepels fan ferskillende tsjerken yn it kremlyn brekken en ek dy fan de Untsliepeniskatedraal. Dêrnei waard begûn mei in grut restauraasjeprogramma, wêrby't de horizontale dakrânen fan de katedraal op fjouwer kanten ferfongen waard troch kylbôgen. De sipelfoarmige koepels bleaune deselde, om't in rekonstruksje fan de oarspronklike foarm it ferbrekken de arsjitektoanyske ienheid fan it kremlyn betsjutte soe. By de restauraasje waarden opgravings útfierd, wêrby't yn de legere dielen mitselwurk fan wite stien út de 12e iuw sichtber waard.

Yn 1991 waard de katedraal mei de klokketoer werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de kroniken binne noch bewarre foarbylden fan it wurk oan de fresko's fan 1589. Yn 1659 wurken de skilders S. Dmitriev en Iosif Vladimirov fierder oan de fresko's. It wurk eine lykwols net in soad en yn 1669 krigen se help fan master út Kostroma, Gûri Nikitin en Sila Savin. Harren fresko's gyngen ferlern mei de brân yn 1671, it fernijen fan fresko's yn 1779 en it oanbringen fan nije fresko's yn 1843. By de restauraasje fan de jierren 1950 waarden fresko's fan de 17e iuw ûntdutsen en op guon plakken efter de ikonostaze waarden noch âldere út de 16e iuw fûn.

De barokke ikonstaze út de jierren 1730-1740 is bewarre bleaun.

Klokkestoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 1682 en 1687, doe't Iona Sisojevitsj metropolyt wie, waard oan de súdeastlike kant fan de katedraal in klokkestoel foar fyftjin klokken boud, dêr't de grutste fan 32 ton weecht. De klokken kinne ek hjoed-de-dei noch heard wurde. Elts travee fan de klokkestoel wurdt troch in koepel op in tamboer bekroand. De galmgatten hawwe kylfoarmige bôgen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Успенский собор (Ростов)