Untsliepeniskatdraal (Tomsk)

Ut Wikipedy
Untsliepeniskatedraal
Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Tomsk
plak Tomsk
adres Ulitsa Jakovleva 4
koördinaten 56° 29' N 84° 58' E
Arsjitektuer
boujier 1910-1913
monumintale status Monumint fan Stêdebou en Arsjitektuer
monumintnûmer 701510205170005
Webside
Side fan 'e katedraal
Kaart
Untsliepeniskatdraal (Ruslân)
Untsliepeniskatdraal

De Untsliepeniskatedraal (Russysk: Uspenski sobor) is de katedrale tsjerke fan it âldleauwige-otterdokse bisdom Tomsk-Jenisei yn 'e Sibearyske stêd Tomsk, Ruslân. De tsjerke is in houten monumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste âldleauwige tsjerke fan Tomsk waard tsjin 'e ein fan 'e 18e/begjin 19e iuw boud oan 'e igge fan 'e Tom, tichteby de Epifanytsjerke. Dy tsjerke waard lykwols ûnder tsaar Nikolaas I ferneatige.

Yn 1884 wiene der wer gearkomsten fan 'e âldleauwigen en yn 1907 waard de mienskip registrearre en twa jier letter útein set mei de bou fan in nije tsjerke oan 'e Ulitsa Aleksei Aleksandrovskaja, hjoed-de-dei de Ulitsa Jakovleva. Op 22 septimber 1913 waard de tsjerke troch de biskop Iosaf (Sûravlev) ynwijd. Syn earste rektor wie Trifon Grigorovitsj Sûchov. Yn 1920 waard Trifon ûchov muonts ûnder de namme Tichon en biskop fan it bisdom Tomsk-Jenisei. De tsjerke waard sadwaande de katedraal fan it bisdom fan de âldleauwigen.

Mei de tanimmende ûnderdrukking fan 'e godstsjinst yn Ruslân, dûkte Tichon sûnt april 1932 ûnder yn ien fan 'e âldleauwige hermitaazjes op 'e Narym-taig, mar hy waard yn 1933 oppakt en feroardiele ta sân jier wurkkamp. Doe't de Stalinistyske ferfolgings op syn slimst wiene, waard Tichon op 26 novimber 1937 op 'e nij arrestearre en op basis fan artikel 58-(paragraaf) 10 ta de dea feroardiele. Hy waard op 15 desimber 1937 deasketten. Biskop Tichon waard yn 2003 lokaal hillich ferklearre.

Mei de dea fan biskop Tichon waard it âldleauwige bisdom opheft, mar de tsjerke bleau ynearsten iepen. Yn 1941 waard de tsjerke dochs noch sletten en yn gebrûk nommen as pakhûs, mar yn 1944 mocht de tsjerke wer iepene wurde as de iennige âldleauwige tsjerke fan 'e oblast Tomsk.

Sûnt maaie 2003 waard in grutte renovaasje fan 'e tsjerke útfierd, foltôge yn 'e jierren 2010. Yn 2015 waard it bisdom Tomsk-Jenisei op 'e nij oprjochte en sûnt is de tsjerke wer in katedraal.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke bestiet út in houten gebou mei fiif koepels yn Russyske styl, in refter en in klokketoer mei in tintedak. De arsjitektuer fan 'e timpel is foar it grutste part noch oarspronklik.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Петропавловский собор (Томск)