Untsliepenis Gorotski-kleaster
Untsliepenis Gorotski-kleaster
Успенский Горицкий монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Jaroslavl | |
plak | Pereslavl-Zalesski | |
koördinaten | 56° 43' N 38° 49' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1362 | |
opheffing | 1744 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 17e oant 18e iuw | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 761420079590006 | |
Webside | ||
nikitskiy.cerkov.ru | ||
Kaart | ||
It Untsliepenis Gorotski-kleaster (Russysk: Успенский Горицкий монастырь; transl. Uspenski Goritski Monastir) is in otterdoks kleaster yn 'e stêd Pereslavl-Zalesski. It kleaster leit oan 'e súdlike kant fan 'e Plesjtsjejevo-mar op in heuvel, dêrfandinne de tafoeging 'Gorotski' (= Berchkleaster).
De kleastermienskip fan it Untsliepenis Gorotski-kleaster einige yn 1744 ûnder Elizabeth fan Ruslân. Sûnt 1919 waard it kleaster in museum fan 'e stêd, mar de gebouwen wurde meikoarten oerdroegen oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster waard nei alle gedachten yn de 14e iuw ûnder Ivan I stifte. Healwei dy iuw besiet it kleaster in soad doarpen. Nei de plondering fan it kleaster troch khan Tochtamisj liet grutfoarstin Evdokija, de frou fan Dmitri Donskoj, op har kosten it kleaster werbouwe. Neffens de tradysje barde dat nei't hja mei oaren op mirakuleuze wize oant de Tataren wist te ûntkommen troch op in flot nei it midden fan de Plesjtsjejevo-mar te silen en har dêr yn in tichte mistdamp skûl te hâlden.
In brân op 12 juny 1722 ferneatige alle argiven fan it kleaster. Dêrfandinne binne der no net in soad histoaryske boarnen mear fan it kleaster. In soad ynformaasje oer it kleaster is ûnwis en fragmintarysk bewarre bleaun.
Oannomen wurdt dat it stiftingsjier fan it kleaster 1362 west hat. Guon boarnen wolle ek ha dat Dimitri Prilûkki doe as muonts ynwijd waard, mar dat is net mooglik om't dy doe al as abt oantsteld wie fan it kleaster dat er sels stifte hie, it Nikolski-kleaster (Pereslavl-Zalesski).
Yn 'e 15e iuw late de lettere hegumen Daniil fan Pereslavl fan 1470 oant 1500 it kleaster, dy't yn 1508 yn deselde stêd it Troitse Danilov-kleaster stifte. Oer it kleaster yn 'e 16e en 17e iuw likemin in soad bekend.
It kleaster waard yn 1744 opheft en de gebouwen waarden doe oerdroegen oan it nij stifte bisdom Pereslavl-Dmitrov. Yn dy tiid waarden de Getsémanétsjerke (1753-1761) en de klokketoer mei de Epifanytsjerke (1768-1777) boud. Ek waarden doe ynstee fan 'e âlde muorren nije muorren mei tuorren boud. Dat bisdom waard yn 1788 opheft; de gebouwen waarden langer net mear as biskoplike residinsje brûkt. Stadichoan rekken it kleaster yn it neigean. Yn 'e útjefte fan 'Beskriuwing fan kleasters yn it Russyske Ryk' fan 1817 waard it kleaster as ruïne omskreaun, yn 'e edysje fan 1834 waard it kleaster niet iens mear neamd.
Yn 1880 waard de Getsémanétsjerke ôfbrutsen om de frijkommen stiennen te brûken foar de bou fan in seminaarje. It kleasterterrein wie oan it begjin fan de 20e iuw oerwoekere mei heapen ôffal en in net ûnderholden fiver. Oan 'e râne fan 'e útwrydske woastenije stiene noch twa tsjerken en in pear neatige geboukes. De muorren, de poarten en tuorren wiene ferfallen.
Nei de Oktoberrevolúsje waard yn 1919 it kleaster oerdroegen oan it museum fan Pereslavl-Zalesski.
Yn 2012 frege de Russysk-Otterdokse Tsjerke om de weromjefte fan 'e gebouwen. Op it stuit (2024) wurdt der wurke oan 'e oerdracht fan 'e gebouwen.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Hillige Poarte; wurdt brûkt as VVV-kantoar.
- Epifanytsjerke mei klokketoer (17e iuw).
- Alderheljentsjerke mei refektoarium (17e-iuwsk) yn gebrûk foar ekspoysjes en opslach.
- De Poartetsjerke fan Nikolaas fan Myra (17e-18e iuw); werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke en yn gebrûk as tsjerke.
- De muorren en tuorren (17e-18e iuw).
- Fan de yn 1880 ôfbrutsen Getsémanétsjerke is in pylder bewarre bleaun yn it museum.
- It 19e-iuwsk seminaarje, yn gebrûk as keunstgalery.
- De 19e-iuwske klokketoer (sûnder klokken).
- Fierder inkelde kapellen dy't yn de Sovjet-tiid út doarpen nei it museum brocht binne.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Alderheljentsjerke
-
Klokketoer
-
Nikolaastsjerke
-
Epifanytsjerke mei klokketoer
-
Muorren
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Горицкий Успенский монастырь
|