Nikolski-kleaster (Pereslavl-Zalesski)
Nikolski-kleaster
Никольский монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Jaroslavl | |
plak | Pereslavl-Zalesski | |
koördinaten | 56° 43' N 38° 50' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1348 | |
Ynformaasje bou | ||
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 761410077910006 | |
Webside | ||
nikolskii.jimdo.com | ||
Kaart | ||
It Nikolski-kleaster (Russysk: Никольский монастырь; Sint-Nikolaaskleaster) yn Pereslavl-Zalesski is in nonnekleaster fan it bisdom Pereslavl fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke.
Stifting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster waard yn 1348 stifte troch de yn 'e omkriten fan Pereslavl berne muonts Dimitri Prilûtski, in folgeling fan Sergius van Radonezj, dy't ek it Spaso-Prilûtski-kleaster (of it Ferlosserkleaster) yn it bisdom Vologda stifte. De lokaasje hiet 'op 'e Sompe' en de tsjerke fan it kleaster waard wijd oan Nikolaas fan Myra.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1382 waard it kleaster mei de stêd Pereslavl by de ynvaazje fan Tataren ûnder lieding fan khan Tochtamisj ferneatige. Troepen fan Edigey stieken it kleaster yn 1408 yn 'e brân. Noch foar de Tiid fan Unrêst waard it kleaster yn 'e 15e iuw renovearre. It kleaster bloeide op en yn 1505 skonk grutfoarst Ivan Vasilevitsj it kleaster in soad lân.
Poalsk-Litouske ynfallers ferneatigen yn 1609 it kleaster folslein en it duorre oant 1613 ear't der wer in begjin wie fan in kleastermienskip. Under Dionisi (Dionisius), letter in muonts dy't it skema oannaam en hearremyt waard, libbe it kleaster wer op.
Tsjin 'e ein fan 'e 17e iuw waard it saneamde Korsûn Krús nei it kleaster brocht. It 2,08 meter hege krús is tsjintwurdich it wichtichste alter fan it kleaster. It krús oerlibbe de Sovjet-tiid yn it museum fan Pereslavl, mar kearde nei de weriepening fan it kleaster yn 'e jierren 1990 werom nei it kleaster.
It hiele kleasterkompleks krige yn 'e twadde helte fan 'e 18e iuw stiennen gebouwen.
Yn 'e 19e iuw waard it kleaster in nonnekleaster. Ut it Untsliepeniskleaster fan Aleksandrov wei foarmen fjouwer nonnen en acht novisen de earste bewenners fan it senobityske kleaster. De gebouwen waarden op 'e nij renovearre en oan it begjin fan 'e 20e iuw wennen der al wer 100 minsken yn it kleaster. Lang duorre dat net mear, want yn 1923 lieten de bolsjewiken it kleaster slute en hja blaasden de katedraal en de klokketoer fan it kleaster op.
Weriepening
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 27 desimber 1993 naam de Hillige Synoade fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke it beslút it kleaster wer te iepenjen. Nei 70 jier ferrinnewearring troffen de nonnen in kompleks fan allinne noch ruïnes oan. De katedraal, de klokketoer en it tsjerkhôf wiene hielendal ferneatige, de stiennen omfieming ôfbrutsen. De Ferkundigingstsjerke en de Poartetsjerke fan Petrus en Paulus wiene slim skeind troch it brûken fan 'e gebouwen as wenienheden en wurkpleatsen.
In begjin waard makke mei de restauraasje fan 'e Ferkundigingstsjerke. Yn 1997 waard in úthôf fan it kleaster iepene yn it doarp Godenovo, dêr't in mirakuleus krús bewarre wurdt. Op 23 augustus 1997 brocht patriarch Aleksi II fan Moskou foar it earst in besite oan it kleaster. De weropbou gyng fierder mei de bou en restauraasje fan 'e kleastermuorren (1998) en it lizzen fan 'e fûneminten foar de nije Nikolaaskatedraal (1999), dy't mei de earste liturgyfiering op 12 septimber 2003 yn gebrûk nommen waard. Nije kleastergebouwen feriisden op it kleasterterrein en op 22 maaie 2004 waard in begjin makke mei de bou fan in nije klokketoer. In jier letter waarden de klokken foar de toer ophong. Ek bûten de kleastermuorren is it kleaster aktyf yn 'e bou fan nije tsjerken en kapellen.
Op de feestdei fan Serfim fan Sarov besocht patriarch Aleksi II it kleaster nochris. Op 12 juny 2009 waard it Korsun Krús werom brocht nei it kleaster.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nikolaaskatedraal (1999-2005)
- Ferkundigingstsjerke (1748)
- Poartetsjerke fan Petrus- en Paulus (1748)
- Sergius fan Radonezjtsjerke (2001; hûstsjerke fan it nije gebou foar de nonnen)
- Tsjerke fan de Unthalzing fan Jehannes de Doper (2004-2005)
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Kleastergebou (2001)
-
Petrus- en Paulustsjerke
-
Sergius fan Radonezjtsjerke
-
Klokketoer mei Jehannes de Dopertsjerke
-
Kleastermuorren
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Никольский монастырь (Переславль-Залесский)
|