Unfettered

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Unfettered
algemiene gegevens
auteur Shawn Speakman (red.)
taal Ingelsk
foarm ferhalebondel
sjenre fantasy
1e publikaasje 2013, Seattle
oarspr. útjwr. Grim Oak Press (Feriene Steaten)
Orbit Books (ynternasjonaal)
kodearring
ISBN 978-0 98 47 13 639

Unfettered is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redakteur Shawn Speakman. De titel betsjut "Befrijd fan Boeiens". De bondel omfettet 23 of 24 koarte ferhalen fan it fantasysjenre. De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Jacqueline Carey, Tad Williams, Naomi Novik, Robert Jordan en Brandon Sanderson. Alle ferhalen út Unfettered waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Unfettered waard yn 2013 yn 'e Feriene Steaten publisearre troch de útjouwerij Grim Oak Press, mei in omslach makke troch Todd Lockwood. Yn 2014 folge in werútjefte troch Orbit Books yn it Feriene Keninkryk, Austraalje en Nij-Seelân. Yn 2016 publisearre deselde redakteur de ferhalebondel Unfettered II.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de redakteur fan Unfettered, Shawn Speakman, waard yn 2011 kanker fêststeld. Hy oerlibbe de sykte, mar lykas in protte Amerikanen hied er gjin syktekostefersekering, en sadwaande bleau er efter mei in skuld fan goed $200.000 op it mêd fan sikehûskosten. Dy betelle er ôf troch Unfettered te publisearjen, dêr't mear as tweintich oare auteurs en omslachkeunstner Todd Lockwood gehiel belangeleas bydragen oan leveren.

Ferhalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Terry Brooks, Imaginary Friends (ûnderdiel fan Word & Void)
  2. Patrick Rothfuss, How Old Holly Came to Be (ûnderdiel fan Four Corners)
  3. Robert Jordan en Brandon Sanderson, River of Souls (ûnderdiel fan Wheel of Time)
  4. Tad Williams, The Old Scale Game
  5. Carrie Vaughn, Game of Chance
  6. Jacqueline Carey, Martyr of the Roses (ûnderdiel fan Kushiel's Legacy)
  7. Daniel Abraham, Dogs
  8. Peter V. Brett, Mudboy (ûnderdiel fan 'e Demon Cycle)
  9. Peter Orullian, The Sound of Broken Absolutes (ûnderdiel fan Vault of Heaven)
  10. R.A. Salvatore, The Coach with Big Teeth
  11. Todd Lockwood, Keeper of Memory (ûnderdiel fan Evertide)
  12. Blake Charlton, Heaven in a Wild Flower
  13. Kevin Hearne, The Chapel Perilous (ûnderdiel fan Iron Druid)
  14. Mark Lawrence, Select Mode (ûnderdiel fan Broke Empire)
  15. David Anthony Durham, All the Girls Love Michael Stein
  16. Jennifer Bosworth, Strange Rain (ûnderdiel fan Struck)
  17. Robert V.S. Redick, Nocturne
  18. Eldon Thompson, Unbowed (ûnderdiel fan Legend of Asahiel)
  19. Naomi Novik, In Favour with Their Stars (ûnderdiel fan Temeraire)
  20. Michael J. Sullivan, The Jester (ûnderdiel fan 'e Riyria Chronicles)
  21. Lev Grossman, The Duel (ûnderdiel fan Magicians)
  22. Terry Brooks, Walker and the Shade of Allanon (ûnderdiel fan Shannara)
  23. Shawn Speakman, The Unfettered Knight (ûnderdiel fan 'e Annwn Cycle)
  24. Shawn Speakman, The Twilight Dragon (ûnderdiel fan 'e Annwn Cycle; inkeld tafoege yn 'e edysje fan Orbit Books)

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: