U. Twijnstra's Oaljefabryk N.V.

Ut Wikipedy
Oaljefabryk fan Twijnstra yn 1905
Part fan it eardere UTD-fabryk by Maarssen oan it Amsterdam-Rynkanaal

U. Twijnstra's Oaljefabryk N.V., ek bekend as UT út Hendrix UTD is yn 1887 ûntstien doe’t Ulbe Twijnstra de oaljemole De Eendragt yn Akkrum kocht. Dy oaljemole produsearre plantaardige oalje en lynkoeke. Dy lynkoeke is de pulp dy’t oerbliuwt nei it parsen fan de oalje en kin as feefoer brûkt wurde. Op dizze manier wienen oaljemolens ( en sa ek UT )op twa merken aktyf. Inkele jierren nei de oankeap fan de oaljemole yn Akkrum waard ek in oajemole yn Frjentsjer kocht. Yn 1921 waard der nei in tiid fan groei in oaljemole yn Maarssen kocht en de lytse oaljemole yn Frjentsjer fan de hân dien.
[1]<
Om te profitearjen fan it mei-inoar ynkeapjen fan grûnstoffen waard der yn 1930 in gearwurking oangien mei it ynternasjonale bedriuw Unilever. De bestjoersfoarsitter fan UT, Tjeerd Jacob Twijnstra hie fan 1932 oant 1933 ek in liedingjaande rol by Unilever.
[2]<
Yn it begjin helle UT de measte ynkomsten út de oalje. De ekonomyske resesje yn Nederlân yn de jierren 50 soarge foar in omslach by UT fan plantaardige oaljeslaggerij nei mingfoerfabrikant. Under T.J. Twijnstra groeide U. Twijnstra's Oaljefabryk NV út ta ien fan de grutste feefoerfabriken fan Nederlân. Yn 1963 fusearre UT mei de mingfoerôfdieling fan NV Oaljefabriken Calvé-Delft oant U.T.-Delfia BV (UTD).
NV Oliefabriken Calvé-Delft wiene al sûnt 1928 ûnderdiel fan Unilever. Yn 1986 waard U.T.-Delfia ferselsstannige. Nei tolve jier waard U.T.-Delfia oernaam troch Nutreco en gearfoege mei Hendrix' Voeders BV ta Hendrix UTD. Yn 2012 waard Hendrix UTD oernaam troch ForFarmers, dy 't fierder gie ûnder de namme ForFarmers Hendrix, wêrmei 't de lêste ferwizing nei Twinstra ferdwûn. Yn 2015 liet ForFarmers ek de namme Hendrix falle. [1]

De fêstiging yn Akkrum is ferdwûn en karakteristike grutte UTD-silo waard yn 2004 delhelle, mar in strjitnamme docht noch tinken oan Ulbe Twijnstra. It fabryk yn Maarssen waard yn 1996 stillein en is dêrnei omboud nei it evenemintesintrum DeFabrique. Yn 2013 waard it kompleks wurdearre as gemeentlik monumint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ForFarmers schrapt Hendrix uit bedrijfsnaam - Onderdeel van rebranding. www.boerenbusiness.nl. Argivearre op 6 juny 2020.