Springe nei ynhâld

Turkske toartel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Turkske toarteldo)
Turkske toartel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai toarteldowen (Streptopelia)
soarte
Streptopelia decaocto
Friváldszky, 1838
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     yntrodusearre

De Turkske toartel (Streptopelia decaocto) is in algemiene dowesoarte, dy't yn it grutste part fan Europa en yn dielen fan Aazje foarkomt. De do is yn 'e Nije Wrâld yntrodusearre.

Fjochtsjende Turkske toartels.

De fûgel hat in ljocht bêzje-griis fearrekleed en in swart-wite bân yn 'e nekke en in swarte iris. De snaffel is relatyf koart en de poaten ha in leverkleur. Yn 'e flecht falle de ljochte wjukken en bûtenste sturtfearren op. De sturt is fan ûnder foar de helte wyt. It fearrekleed is by beide geslachten itselde. De fûgel is 31 oant 34 sm lang en weecht 150 oant 250 gram. Turkske toartels wurde likernôch 15 jier âld.

It iten fan 'e Turkske toartel bestiet út sied, rûpen, krobben en lytse fruchten.

Sûnt 1900 hat de Turkske toartel op eigen krêft fanút de Balkan West-Europa kolonisearre. It earste registrearre briedgefal yn Nederlân wie yn 1950 by Oldebroek. De fûgel mei graach yn 'e buert fan minsken wêze en is in echte kultuerfolger en komt ek in soad yn tunen en parken foar. Foar it tiidrek 2018-2020 wurdt de briedpopulaasje op 53.000 oant 68.000 pearkes rûsd. Winterdeis binne der tusken de 100.000 en 200.000 Turkske toartels.[1]

Yn 'e Feriene Steaten is de Turkske toartel yn 'e steat Florida yntrodusearre. Fan dêr wei binne se nei oare dielen yn Noard-Amearika migrearre.

11 dagen âlde jonge Turkske toartels yn it nêst.

De fûgel briedt vaker yn 't jier en kin sels winterdeis noch ta brieden komme. Mei't de Turkske toartel wol fiif kear yn 't jier briede kin is de fûgel yn steat om syn ferspriedingsgebiet jimmeroan fierder út te wreidzjen. Ek jonge fûgels kinne yn in pear moanne tiid al wer meidwaan oan 'e fuortplanting. Der besteane net in soad fûgels, dy't har sa gau fermannichfâldigje kinne.

It nêst is ienfâldich en bestiet út in pear losse takjes, dy't yn inoar stutsen wurde. Yn dat nêst wurde twa aaien lein, dy't nei 14 oant 18 dagen útkomme. Nei 15 oant 19 dagen kinne de jongen útfleane. De jongen wurde troch de âlders goed beskerme mei 't ien fan 'e âlders der lang op sitten bliuwe. Jonge fûgels hawwe yn 'e nekke noch gjin swart bân. As de jongen útfleane rêde se harren al gau sels. In wike letter begjinne de âlders wer op 'e nei te brieden.

De wrâldpopulaasje fan 'e Turkske toartel wurdt op 40.000.000-75.000.000 folwoeksen fûgels rûsd. De soarte wurdt op de Reade list fan 'e IUCN as net bedrige beskôge.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Turkse tortel (ferzje 12 april 2024)