Turkske toartel
Turkske toartel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Streptopelia decaocto | ||||||||||||
Friváldszky, 1838 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel yntrodusearre |
De Turkske toartel (Streptopelia decaocto) is in algemiene dowesoarte, dy't yn it grutste part fan Europa en yn dielen fan Aazje foarkomt. De do is yn 'e Nije Wrâld yntrodusearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat in ljocht bêzje-griis fearrekleed en in swart-wite bân yn 'e nekke en in swarte iris. De snaffel is relatyf koart en de poaten ha in leverkleur. Yn 'e flecht falle de ljochte wjukken en bûtenste sturtfearren op. De sturt is fan ûnder foar de helte wyt. It fearrekleed is by beide geslachten itselde. De fûgel is 31 oant 34 sm lang en weecht 150 oant 250 gram. Turkske toartels wurde likernôch 15 jier âld.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten fan 'e Turkske toartel bestiet út sied, rûpen, krobben en lytse fruchten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1900 hat de Turkske toartel op eigen krêft fanút de Balkan West-Europa kolonisearre. It earste registrearre briedgefal yn Nederlân wie yn 1950 by Oldebroek. De fûgel mei graach yn 'e buert fan minsken wêze en is in echte kultuerfolger en komt ek in soad yn tunen en parken foar. Foar it tiidrek 2018-2020 wurdt de briedpopulaasje op 53.000 oant 68.000 pearkes rûsd. Winterdeis binne der tusken de 100.000 en 200.000 Turkske toartels.[1]
Yn 'e Feriene Steaten is de Turkske toartel yn 'e steat Florida yntrodusearre. Fan dêr wei binne se nei oare dielen yn Noard-Amearika migrearre.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt vaker yn 't jier en kin sels winterdeis noch ta brieden komme. Mei't de Turkske toartel wol fiif kear yn 't jier briede kin is de fûgel yn steat om syn ferspriedingsgebiet jimmeroan fierder út te wreidzjen. Ek jonge fûgels kinne yn in pear moanne tiid al wer meidwaan oan 'e fuortplanting. Der besteane net in soad fûgels, dy't har sa gau fermannichfâldigje kinne.
It nêst is ienfâldich en bestiet út in pear losse takjes, dy't yn inoar stutsen wurde. Yn dat nêst wurde twa aaien lein, dy't nei 14 oant 18 dagen útkomme. Nei 15 oant 19 dagen kinne de jongen útfleane. De jongen wurde troch de âlders goed beskerme mei 't ien fan 'e âlders der lang op sitten bliuwe. Jonge fûgels hawwe yn 'e nekke noch gjin swart bân. As de jongen útfleane rêde se harren al gau sels. In wike letter begjinne de âlders wer op 'e nei te brieden.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasje fan 'e Turkske toartel wurdt op 40.000.000-75.000.000 folwoeksen fûgels rûsd. De soarte wurdt op de Reade list fan 'e IUCN as net bedrige beskôge.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Turkse tortel (ferzje 12 april 2024)
|
- Fûgelsoarte
- Do-eftige
- Dofûgel
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn de Azoaren
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Madeara
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Eksoat yn Alaska
- Eksoat yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Eksoat yn Anguilla
- Eksoat yn Antigûa en Barbûda
- Eksoat yn de Bahama's
- Eksoat yn Barbados
- Eksoat yn Belize
- Eksoat yn de Britske Famme-eilannen
- Eksoat yn Dominika
- Eksoat yn de Dominikaanske Republyk
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Frânsk-Sint-Marten
- Eksoat yn Grenada
- Eksoat yn Gûadelûp
- Eksoat yn Gûatemala
- Eksoat yn Hondoeras
- Eksoat yn Kanada
- Eksoat yn Kuba
- Eksoat yn Martinyk
- Eksoat yn Meksiko
- Eksoat yn Montserrat
- Eksoat yn Porto Riko
- Eksoat yn Saba
- Eksoat yn Sint-Bartelemy
- Eksoat yn Sint-Eustasius
- Eksoat yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Eksoat yn Sint-Kits en Nevis
- Eksoat yn Sint-Lusia
- Eksoat yn Sint-Marten
- Eksoat yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Eksoat yn Japan