Springe nei ynhâld

Tsjongermûne

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tsjongermole)
Tsjongermûne
mûne / mole
lokaasje
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
adres Skoatterlânskewei 86
koördinaten 52° 55' N 5° 59' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 9,72 m
boujier 1983
oare ynformaasje
eigner De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 511214
Kaart
Tsjongermûne (Fryslân)
Tsjongermûne

De Tsjongermûne is in muonts oan 'e Tsjonger by Mildaam. Eigener is de Stifting De Fryske Mole. De mûne is in ryksmonumint.

De mûne waard yn 1983 boud en ferfong in mûntsje út 1869, dy't in eintsje fierderop stie. Dy mûne hie yn 1950 foar it lêst wurke en waard dêrnei fertutearze oant der neat fan oer wie.

De oarspronklike mûne yn 1969

By de bou fan 'e hjoeddeiske Tsjongermûne binne net de tekenings fan de oarspronklike mûne brûkt, mar fan in gruttere mûne, dy't dêrnei op in lytsere skaal boud is.

Yn 2012 krige it mûntsje nije wjukken en in pear jier letter nije kleuren.[1] Yn 2021 krige de mûne in nije fizel.[2]

De boppekruier is in achtkante muonts op in stiennen ûnderbou. De funksje is poldermole. De wjukken hawwe in flecht fan 9,72 meter.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: