Springe nei ynhâld

Tsjerkje fan Harkema

Ut Wikipedy
Foaroansjoch tsjerke

It tsjerkje fan Harkema is de beneaming fan in tsjerkje tusken Aduard en Fraansum. It is in toeristyske bestimming.

It tsjerkje is eigenhandich boud troch boer Albert Harkema (sylger). Syn pleats stiet op in plak dêr't yn it ferline in pleats stien hat fan it kleaster fan Aduard. Nei eigen sizzen hat dat Harkema mei ynspirearre om yn syn frije tiid earst de grêft om syn pleats út te djipjen en te fergrutsjen (in karwei dat him nei eigen sizzen mear as 30 jier koste), dan in miniatuer te meitsjen fan in kop-hals-romppleats en op it lêst ta syn libbenswurk te meitsjen; in tsjerkje, kompleet mei oargel (út IJhorst), preekstoel, tsjerkebanken, marijebylden en oar tabehearren. Yn it earstoan woe er allinnich in toer bouwe (foar de dowen). Dêrnei like in kapeltsje him ek wol wat, mar úteinlik besleat er ta de bou fan de tsjerke. De bou fan dy tsjerke duorre 13 jier, oant likernôch 2000. De nedige 12.000 stienen liet Harkema oerkomme út Belgje. Letter boude er der ek noch in teehûs by yn de styl fan de kleastertsjerke fan Aduard, alles lykwols sûnder fergunnings en ek nei in opleine boustop. It tsjerkje waard lykwols in grutte toeristyske attraksje mei op 'en doer inkele tsientûzenen deirekreänten yn it jier (net op it lêste plak troch Harkema syn eigen oanwêzichheid; hy wie in smoute prater). Sadwaande besleat de gemeente Súdhorn Harkema yn in nij bestimmingsplan mear mooglikheden te jaan (troch it te bestimpeljen as rekreatieve funksje) en om de tagongswei (in betonnen lânwei) te ferbreedzjen; de buorlju hienen nammentlik lêst fan de protte besikers.

Nei it ferstjerren fan syn frou en sykte fan Harkema waarden pleats, tsjerke en teehûs úteinlik ferkocht oan in oare boer, wêrfan't de frou it sûnttiids eksploitearret. Harkema ferstoar yn 2011.

Om it tsjerkje en it teehûs binne in tal grêften mei ferskate soarten brêgen, lykas in ophelbrêge, stienen bôgebrêge en in draaibrêge. Yn it wetter steane ûnder oare twa neiboude miniatuerfjoertuorren.

In tsjerkje dat Harkema noch yn de skuorre stean hie, stiet no by pleats Altenaauw, noardeastlik fan Den Ham.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: