IJhorst

Ut Wikipedy
Binnenkant fan de Herfoarme tsjerke fan IJhorst-De Wijk

IJhorst (Nedersaksysk: De Rieverst) is in doarp yn de gemeente Staphorst yn de Nederlânske provinsje Oerisel. IJhorst leit yn it gebiet fan de Reestdelling op de grins fan Oerisel en Drinte en der wenje likernôch 1250 minsken (1997). It doarp IJhorst foarmet mei de doarpen Staphorst en Rouveen en mei de buorrens Hamingen, Halfweg, Punthorst en Lankhorst de gemeente Staphorst.

De Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn IJhorst stiet in yn 1823 boude tsjerke mei in lossteande klokkestoel. Dat tsjerkegebou is yn 1995 restaurearre. De tsjerke wurdt brûkt troch de Herfoarme Gemeente IJhorst/De Wijk.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

IJhorst hat in tal kempings binnen syn grinzen. Der is net safolle middenstân. Wol wurdt der alle moannen op de earste sneon in yn wide omkriten bekende rommelmerk hâlden.

Der is ien basisskoalle de OBS De Iekmulder, in sporthal, in fuotbalfjild dat yn behear is en brûkt wurdt troch in sportferiening.