Springe nei ynhâld

Tsjerkfaar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tsjerkfâden)

De Tsjerkfaars binne de iere ynfloedrike teologen en skriuwers yn de Kristlike Tsjerke. De learlingen fan de apostels waarden trochstrings oant en mei yn de twadde, soms tredde, generaasje Apostolyske Heiten neamd en binne gjin tsjerkfaars.

Katolike Tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerkfaars komme foar oant om 750 hinne. Dêrnei krigen bysûndere teologen de earetitel tsjerkelearaar. It skaaimerk fan in tsjerkfaar is:

  • sitearre wurde yn dokuminten fan de paus dêr't er him yn rjochtet ta de Tsjerke;
  • sitearre wurde troch in konsily;
  • publyklik lêzen wurde yn gearkomsten fan de iere Tsjerke;
  • as sanctitate et doctrina insignis neamd wurde yn it Martyriologium Romanum;
  • troch de tsjerkfaars oanhelle wurde as autoriteit.

By de Roomsken hoecht in iere teolooch gjin stânfêst leauwe te hawwen, sa binne de teologyen fan Tertullianus en Origenes kontroversjeel, mar jilde sy wol as tsjerkfaar.

Easterske Ortodoksy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de Eastersk-Ortodokse Tsjerke kin de earetitel tsjerkfaar noch altiten weijûn wurde.

De protestantske tsjerken hawwe gjin tsjerkfaar lykas de katolike tsjerke. Foar harren binne de tsjerkfaars allinne mar foarbyldige foargongers yn it leauwen. By de katoliken wurdt it wurk fan de tsjerkfaars beskôge as iepenbieringsboarne en hawwe dêrtroch in bysûndere betsjutting. Dêrfoaroer hawwe de protestantske tsjerken wol âldfaars, lykas Luther en Kalvyn.

De grutte tsjerkfaars fan it Westen binne: Ambrosius, Augustinus, Hiëronymus en Paus Gregorius I.

Dy fan it Easten binne: Atanasius, Basilius, Gregorius en Krysostomus. Oare tsjerkfaars binne bygelyks Arnobius en Finsentius.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]