Tsjerke fan de Giseling
Tsjerke fan de Giseling
כנסיית ההלקאה | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Israel | |
plak | Jeruzalim | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | Foltôge yn 1929 | |
arsjitekt | Antonio Barluzzi |
De Tsjerke fan de Giseling is in roomsk-katolike tsjerke en in kristlik beafeartsplak yn Jerusalim. De tsjerke stiet net fier fan de Liuwepoarte yn de islamityske wyk fan de âlde stêd en is ûnderdiel fan it Fransiskaner kleaster fan de Giseling, dêr't ek de Feroardielingskapel stiet. It kleaster stiet op de twadde staasje fan de Via Dolorosa.
Tradysje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de oerlevering stiet de tsjerke op it plak dêr't de romeinske soldaten Jezus giselen ear't Jezus syn tocht oer de Via Dolorosa nei Golgotha makke. De tradysje is basearre op de fynst fan in romeinske flier, ûntdutsen ûnder de oangrinzgjende Feroardielingskapel en it Kleaster fan de Susters fan Sion, wêrfan't oannommen waard dat it Gabbatha wie, it plak dêr't Jezus neffens it evangeelje fan Jehannes (19:13) foar Pontius Pilatus ferskine moast.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike tsjerke waard boud troch de krúsfarders. Yn de Ottomaanske tiid (foar Palestina fanôf 1516) waarden de oarspronklike tsjerke mei de gebouwen der omhinne brûkt as stâl en letter as wenningen.
It hiele kompleks waard yn 1838 troch Ibrahim Pasja fan Egypte, dy't tusken 1831-1841 dielen fan it Ottomaanske Syrje ûnder Egyptysk bestjoer brocht, oerdroegen oan de Fransiskanen. Hartoch Maximilian Joseph fan Beieren makke in weropbou fan de tsjerke oer de midsiuwske ruïnes mooglik.
De hjoeddeiske tsjerke waard tusken 1928-1929 foltôge en is in troch de Italjaanske Antonio Barluzzi ûntwurpen rekonstruksje yn de styl fan de 12e iuw. De tsjerke wurdt beheard troch de Fransiskaanske Kustoady fan it Hillige Lân.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ienskippige tsjerke hat trije brânskildere ramen, dy't elts in aspekt fan it bibelske ferhaal fan de rjochtsaak tsjin Jezus ôfbyldzje. It noardlike raam lit Pontius Pilatus sjen dy't de hannen yn ûnskuld wasket (Mattéus 27:24), it sintrale raam efter it alter de giseling fan Jezus (Markus 15:15, Jehannes 19:1) en it súdlike raam de frijlitting fan Barabbas (Mattéus 27:26, Markus 15:15, Lukas 23:24–25). Ek de gouden koepel mei syn mozaïek en trochskinende eleminten is it besjen wurdich. It is ûntwurpen as in toarnekroan.
-
Pontius Pilatus wasket de hannen yn ûnskuld
-
Giseling fan Jezus
-
Frijlitting fan Barabbas
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of the Flagellation
|