Springe nei ynhâld

Tsjerke fan alle Naasjes

Ut Wikipedy
Tsjerke fan alle Naasjes
Lokaasje
lân Israel
plak Jeruzalim
adresJericho Rd.
koördinaten31°46' N 35°14' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
Arsjitektuer
arsjitektAntonio Barluzzi
boujier1919-1924
boustylNeobyzantynske styl
Kaart
Tsjerke fan alle Naasjes (Jeruzalim)
Tsjerke fan alle Naasjes

De Tsjerke fan alle Naasjes is in roomsk tsjerkegebou op 'e Oliveberch by de hôf fan Getsémané yn Jerusalim, Israel. Yn 'e tsjerke leit yn 'e flier foar it alter in stik rots, dêr't fan sein wurdt dat Jezus dêr bidden hat foar Syn arrestaasje troch de Romeinen (Markus 14:32-42). De tsjerke wurdt dêrom ek wol Basilyk fan 'e Deadseangst neamd. Fransiskanen drage de soarch foar de Tsjerke fan alle Naasjes.

De tsjerke stiet op 'e fûneminten fan twa foargongers: in 4e-iuwske Byzantynske basilika, dy't yn 746 troch in ierdskodding ferneatige waard en in 12e-iuwske krúsfarderskapel, dy't yn 1345 bûten gebrûk rekke.

De rots, wêrfan't oannommen wurdt dat Jezus dêr foar Syn arrestaasje bidden hat.

Yn 1920, by it wurk foar de fûneminten foar de hjoeddeiske tsjerke, waard twa meter djip in pylder fûn fan 'e midsiuwske krúsfarderskapel. Ek binne fragminten fan in mozayk fûn. Nei dy fynsten liet de arsjitekt fuortendaliks de nije fûneminten ferwiderje om opgravings út te fieren. Nei't de resten fan 'e Byzantynske tsjerke hielendal bleatlein wiene, waarden de plannen foar de nije tsjerke oanpast. De bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke duorre fan 19 april 1922 oant juny 1924, doe't de konsekraasje plakfûn.

De tsjerke waard mei jild út tolve ferskate lannen boud. De wapens fan dy lannen binne yntegrearre yn 'e ferwulften fan 'e tsjerke, elts yn in eigen lytse koepel, en ek yn 'e mozaiken fan 'e tsjerke. Fan east nei west begjinnend fanôf de noardlike apsis (fan it alter oant de yngong) binne dat: Argentynje, Brazylje, Sily, Meksiko; yn 'e midden fan 'e tsjerke: Itaalje, Frankryk, Spanje en it Feriene Keninkryk; en rjochts: Belgje, Kanada, Dútslân en de Feriene Steaten fan Amerika.

De jeften út al dy ferskillende lannen droegen by oan 'e namme fan it godshûs: Tsjerke fan alle Naasjes.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tsjerke fan alle Naasjes fan Wikimedia Commons.