Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Saaksum

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke fan Saaksum
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Saaksum
adres Heralmastrjitte 6
koördinaten 53° 18' N 6° 25' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN (Herf. gem.)
patroanhillige Katarina fan Aleksandrje[1]
Arsjitektuer
boujier 1550 (toer); 1849 (tsjerke)
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31413
Webside
Herfoarme gemeente Noardhorn-Saaksum
Kaart
Tsjerke fan Saaksum (Grinslân)
Tsjerke fan Saaksum

De tsjerke fan Saaksum is in tsjerkegebou fan 'e Herfoarme streekgemeente Noardhorn-Saaksum. De gemeente is oansletten by de PKN.

De foargonger fan 'e hjoeddeiske tsjerke waard as ien fan 'e trije tsjerken ôfbylde op it segel fan it Humsterlân út 1361. De oare twa tsjerken op it segel binne dy fan Niehove en de Liudgertsjerke fan Oldehove. Neffens in akte wie de tsjerke foar de reformaasje wijd oan de hillige Katarina. Dêrnjonken hie de tsjerke noch in twadde alter, mar it is net bekend oan wa't dat alter wijd wie. De beide alterstiennen binne lykwols bewarre bleaun. Yn 1570 waard in sekere Popko Ufkens fan Appingedam beskuldige bylden stikken slein te hawwen. Nei de reformaasje krige Saaksum yn 1610 in eigen dûmny en dat bleau sa oant 1968.

Neffens in gevelstien yn 'e toer waard de toer yn 1550 boud. Yn 1709 fûn der in renovaasje plak en mooglik waard yn dy tiid de oarspronklike sipel op de toer ferfongen troch it hjoeddeiske sealtek.

Oargel.

Healwei de 19e iuw waard de midsiuwske tsjerke fanwegen brekfalligens ôfbrutsen. Oan 'e âlde toer waard yn 1849 de nije neoklassisistyske tsjerke boud.

De yn 1629 troch Nicolaes Sicmans út Grins getten klok waard yn 1943 foardere en nei alle gedachten yn Dútslân omraand. In nije klok mei de ynskripsje HIJ DIE U ROEPT IS GETROUW folge yn 1950 fan 'e klokkejitter Van Bergen út Heiligerlee. Om't in bewenner klage dat de klok tefolle leven makke, waard de klok yn 2005 útrêst mei in tiidklok.

De kûp fan 'e preekstoel datearret út it twadde fearn fan 'e 17e iuw.

Oant 1933 hie de tsjerke in harmoanium. Yn dat jier krige de tsjerke in oargel dat oarspronklik yn Dútslân stie en yn oare tsjerken stien hie. Nei alle gedachten waard it ynstrumint yn 1889 boud troch de ûnbekende oargelbouwer Gottlieb Früh.

Nei't it oargel net mear te bespyljen wie, waard it ynstrumint yn 1982 restaurearre en op 6 juny 1983 wer yn gebrûk nommen. Fanwegen wetterskea troch lekkaazje moast it oargel yn 2006 op 'e nij restaurearre wurde troch de frijwilligers L. Meijer út Noardhorn en K. Schuitema út Dorkwerd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: