Tsjerke fan Sânfurd

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Tsjerke fan Sânfurd
Sânfurd, tsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan Súdwest-Fryslân.png Súdwest-Fryslân
plak Sânfurd
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1732
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 39812
webside Stifting Sânfurd
PKN Aldegea e.o.

De tsjerke fan Sânfurd is in tsjerkegebou yn Sânfurd. De tsjerke wurdt beheard troch de Stifting Sânfurd en is in ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan de tsjerke giet werom op in 11e-iuwske kapel, dy't by it Starumer Odulfuskleaster hearde. Dat hat nei alle gedachten in ienfâldich houten gebouke west mei in reiten tek. De beskermhillige fan de kapel wie Jehannes de Doper. Yn de 12e iuw waard de kapel ferfongen troch in bakstiennen tsjerkje. It bewiis dêr foar waard levere troch de fynst fan resten fan fûneminten en stikken fan in sarkofaach fan reade sânstien, mooglik fan in geastlike út it Odulfuskleaster.[1]

De lokaasje by it wetter levere de tsjerke noch alris ûngemak op. Yn 1543 moast al it besit fan de tsjerke ferkocht wurde om in wetterkearing fan houten peallen oan te lizzen, oars soe de tsjerke en it hûs fan de pastoar der ûnder strûpe.

Fanwegen brekfalligens moast de midsiuwske tsjerke yn 1732 ôfbrutsen en troch nijbou ferfongen wurde. Yn de moanne septimber fan itselde jier waard de nije tsjerke foltôge.

Van Dam-oargel

Fanwegen it grutte tal ûnderdûkers yn de omkriten waard de tsjerke yn de Twadde Wrâldkriich tige goed besocht. It tuorke moast yn de jierren 1970 nei bliksemynslach wer opboud wurde.

De herfoarme tsjerke waard yn 1978 ûnderbrocht by de Stifting Sânfurd, dy't it doel hat de tsjerke foar it neiteam te behâlden.[2]

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It houten tonferwulft datearret fan 1813. Foar yn de tsjerke leit de sânstiennen deksel fan de sarkofaach dy't by de restauraasje fûn waard. De preekstoel stamt út de 16e iuw. De firma Van Dam út Ljouwert boude yn 1857 in nij mechanysk sleepladen-oargel mei ien manuaal en oanhongen pedaal. Yn 1957 revisearre de firma Reil út Heerde it oargel. Bakker & Timmenga restaurearre it ynstrumint yn de jierren 2005-2006 en op 27 maaie 2006 waard it oargel wer yn gebrûk nommen mei in konsert fan Jan Jongepier.[3]

Gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Simmerdeis hâldt de PKN-gemeente Aldegea e.o. yn de tsjerke in tal earetsjinsten. De tsjerke wurdt troch de gemeente Súdwest Fryslân as troulokaasje brûkt. Ek fine der routsjinsten plak.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Keppelstok (SAFT), nû. 59, desimber 1999, H.T. Algra
  2. Side Sânfurd: skiednis
  3. Orgelsite, oproppen 26.08.2020