Tsjerke fan Kolham

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Kolham
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Midden-Grinslân
plak Kolham
adres Hoofdweg 44
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1641
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33811 [1]
offisjele webside
De tsjerke op de side fan SAGT

De Tsjerke fan Kolham is de eardere herfoarme tsjerke fan it Grinslânske doarp Kolham. Sûnt 2020 is it in tsjerkegebou fan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gevelstien

Al yn de 13e iuw stie op itselde plak in tsjerkegebou. De kosten foar de bou fan de hjoeddeiske tsjerke wiene 5.422 gûne, dy't troch de provinsje Grinslân droegen waard. Neffens in akte út 1422 wie de provinsje ferplicht om alle kosten fan de tsjerke fan Kolham te beteljen. Yn de gevel is it wapen fan de provinsje ferwurke.

Yn de 19e iuw krige de tsjerke neogoatyske spitsbôgefinsters. Yn de dakruter fan 1808 hinget in klok út 1948. De oarspronklik klok waard yn de Twadde Wrâldkriich troch de besetter foardere. By de renovaasje fan de tsjerke yn 2006 krige it gebou in nije pleisterlaach.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tsjerke stiet in preekstoel út 1641. Fierder is it ynterieur folle jonger. De hearebank is een replika út 2002 fan in âldere hearebank, dy't net mear bestiet. Oars as it wenstige blaugrien yn Grinslânske tsjerken is it balkenplafond yn de tsjerke fan Kolham donkerread.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1912 boud troch Marten Vermeulen út Woerden. Yn it ynstrumint is âlder 18e- en 19e-iuwsk piipwurk ferwurke, werfan't de oarsprong ûnbekend is.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: