Tsjerke fan Ezinge
Tsjerke fan Ezinge | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | Ezinge | |
adres | Torenstraat 46 | |
koördinaten | 53° 18' N 6° 26' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Sint-Piter | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | Romaanske arsjitektuer | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15547 | |
Webside | ||
Side PKN gemeente Ezinge | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan Ezinge is in romaanske tsjerke út de 13e iuw yn Ezinge yn 'e provinsje Grinslân. Ek de frijsteande sealtektoer datearret út dy tiid. Mei de kosterswente en it skoaltsje foarmje de gebouwen op de 2,3 hege wierde in skildereftich oansjen.
De terp dêr't de tsjerke op stiet waard yn 'e jierren 1930 yn it ramt fan argeologysk ûndersyk troch de Grinslanner Albert van Giffen foar in part ôfgroeven. It ûndersyk smiet in soad ynformaasje oer de bewenning fan 'e wierde op en krige net allinne in soad nasjonaal, mar ek ynternasjonaal omtinken.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De yn 1959 restaurearre tsjerke is in sealtsjerke mei in fiifsidige sluting. Oan 'e westlike kant is it gebou noch yn 'e 13e iuw langer makke. By de restauraasje binne in tal heechlizzende romaanske finsters rekonstruearre. De oarspronklike portalen binne tichtmitsele.
Yn de tsjerke stiet in preekstoel mei klankboerd en dooptún út 1721. De hearebank is dekorearre mei in opsetstik fan de wapens fan De Marees en Van Gesseler, dat troch in griffioen en in liuw fêstholden wurdt en waard yn opdracht fan de Grinzer boargemaster Albert Hendrik van Swinderen makke. Fierder hat de tsjerke trije 16e-iuwske sarken en trije 17e-iuwske. Yn it healrûne koer is súdeastlik in nis foar liturgysk reau en oan de noardeastlike kant in rjochthoekige nis en de resten fan in sakramintshúske. Rjochts is yn 'e 17e iuw de tekst fan it fjirde fers fan psalm 27 op de muorre skildere.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tsjerke stiet in 18e-iuwsk oargel fan Johan Jacob Moreau, [1] in soan fan de bouwer fan it grutte oargel fan d'e Sint-Jan fan Gouda. Nei alle gedachten is it ynstrumint oarspronklik ôfkomstich út in Súd-Hollânske katolike skûltsjerke. It waard yn 1868 troch Petrus van Oeckelen yn 'e tsjerke fan Ezinge boud en ferfong doe in ienmanualich oargel út 1793, dat mooglik troch Snitger & Freytag boud wie. By de bou brocht Van Oeckelen it tal registers werom fan 12 oant 10 en hast alle âlde pipen krigen in oar plak en in oare funksje. Letter binne der noch wat feroarings oanbrocht en nei't it oargel al desinnia net mear bespile wurde koe, restaurearre Mense Ruiter it oargel yn 2015. Dêrby waard ek de oargelkas op 'e nij farve yn mahonykleur, wylst it fykwurk en oare dekorative eleminten fergulde binne.[2]
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1966 binne de Herfoarme gemeenten fan Ezinge, Feerwerd en Garnwerd-Oostum tegearre gien. Dêrnei binne de tsjerken fan Feerwerd, Garnwerd en Oostum oerdroegen oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. Op 1 jannewaris 2005 fusearre de Herfoarme gemeente mei de Grifformearde tsjerke fan Ezinge, dy't sûnt de protestantske gemeente Ezinge hjit.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|