Tsjerke fan Dimitri op it Bloed
Tsjerke fan Dimitri op it Bloed
Церковь Димитрия на крови | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
Oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 57° 31' N 38° 19' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1692 | |
boustyl | Barok | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 7610230009 [1] |
De Tsjerke fan Dimitri op it Bloed (Russysk: Церковь Димитрия на крови) is in tsjerke yn it kremlyn fan Uglitsj, Ruslân. De tsjerke leit op in skildereftige lokaasje oan de Wolga op it plak dêr't yn 1591 prins Dmitri Ivanovitsj, de lêste fertsjintwurdiger fan de dynasty fan de Roerikiden, fermoarde waard.
Op foarstel fan Ruslân is de tsjerke oanmeld foar de list fan it wrâlderfskip fan UNESCO. De tsjerke foarmet in ûnderdiel fan it Museum fan Uglitsj.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op it plak fan de moard fan tsarevitsj Dimitri waard yn de earste jierren fan de 17e iuw in houten kapel delset. Yn 1630 waard de houten kapel ferfongen troch in houten tsjerke, dy't yn 1692 ferfongen waard troch de hjoeddeiske stiennen tsjerke. De tsjerke leit oan de kant fan de Wolga yn it noardeastlike part fan it kremlyn.
Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It giet om in lytse tsjerke mei in foarportaal, in net botte hege klokketoer, in refter, in heech sintraal diel dat bekroand is mei fiif koepels en in apsis. De tsjerke is yn bloedreade kleuren beskildere mei opfallende wite details (architraven, pilasters en kroanlisten). De súdlike gevel van de tsjerke is goed bewarre bleaun. Oan de noardlike kant waard yn de 19e iuw in net goed by de arsjitektuer fan de tsjerke passende kapel oanboud.
Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de tsjerke bleaune de fresko's út de twadde helte fan de 18e iuw bewarre. Se stelle de moard op tsarevitsj Dimitri en it oardiel oer de moardners foar. De fresko's yn de refter stelle foarstellings fan de skepping, Adam en Eva en de ferballing út it paradys foar. Opfallend foar in otterdokse tsjerke binne de realistyske útbyldings fan de (hast) neakene Adam en Eva.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Димитрия на Крови
|