Tsjerke fan Betfage
| Tsjerke fan Betfage | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | ||
| koördinaten | 31°46' N 35°15' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Antonio Barluzzi | |
| boujier | 1883 | |
| Kaart | ||
De Tsjerke fan Betfage (wat "hûs fan 'e iere figen" betsjut) is in Fransiskaanske tsjerke op 'e Oliveberch yn Jeruzalim. Yn 'e tsjerke is in stien te sjen, dy't neffens de tradysje brûkt waard troch Jezus om oan it begjin fan syn tocht nei Jeruzalim op 'e ezel te klimmen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De hjoeddeiske tsjerke, boud yn 1883, rêst op 'e fûneminten fan in 12e-iuwske krúsfarderskapel, dy't yn it âlde doarp Betfage stie. Tsjintwurdich leit de lokaasje yn Jeruzalim, mar twatûzen jier tebek wie it in apart doarp tusken Betanië en Jeruzalim. De krúsfarderskapel stie wer op 'e resten fan in 4e-iuwsk Byzantynsk hillichdom, dat de moeting tusken Marta en Jezus betocht, nei't Lazarus ferstoarn wie.
Yn 1867 waard by de bou fan in Fransiskaansk kleaster op 'e lokaasje, in mei stúkwurk oerdutsen kubusfoarmige stien fûn. Dy stien wie in yntegraal ûnderdiel fan 'e 12e-iuwske krúsfarderskapel en leit no by de noardlike muorre fan 'e tsjerke. De krúsfarders dekorearren de stien en skreaune der yn it Latyn bibelske ferhalen op, dy't plakfûnen yn 'e omkriten fan Betfage en Jeruzalim. De fersierings waarden yn 1950 restaurearre en fiif jier letter waarden de muorren en it plafond fan 'e tsjerke mei fresko's beskildere.
Krekt as yn 'e 12e iuw hâlde pylgers alle jierren op Palmpeaske in prosesje, dy't by de tsjerke fan Betfage útein set.
Untwerp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Resten fan 'e krúsfarderskapel binne te sjen by de flier fan 'e apsis. Yn 'e koepel boppe it alter is in fresko fan Jezus op in ezel mei syn dissipels te sjen. It plafond fan 'e tsjerke is fersierd mei tekenings fan blommen en bledwurk. De muorren binne yn brune kleuren útfierd en stelle minsken út it Nije Testamint foar, dy't harren tariede op 'e prossesje. Oan 'e iene kant fan 'e muorre is in groep rabinen skildere mei in boekrôle, dêr't it twadde diel fan Jehannes 12:19 op stiet. Yn it Latyns om de ramen hinne binne de wurden skreaun, dy't de minsken oer Jezus seine doe't Er de yntocht nei Jeruzalim makke.
De Stêle fan Betfage, sa't de yn 1867 ûntdutsen stien ek neamd wurdt, leit efter in smei-izeren hekwurk. In spegel efter de stien makket it de besikers mooglik om de stien ek fan 'e oare kanten te besjen. Op 'e stien steane de foarstellings fan Jezus en Marta, twa dissipels dy't Jezus in ezel en in fâle bringe, Lazarus dy't út de dea opstiet en op 'e side oan 'e kant fan it alter in groep minsken dy't palmtûken fêsthâlde.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedysiden; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of Bethphage
|
