Springe nei ynhâld

Tsjasker It Heidenskip

Ut Wikipedy
Tsjasker It Heidenskip
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
plakIt Heidenskip
adresHeidenskipsterdyk 14
koördinaten52°57' N 5°29' E
bysûnderheden
type mûnepealtsjasker
funksjepoldermûne
flecht5,4 meter
boujier1915
oare ynformaasje
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer39519
Kaart
Tsjasker It Heidenskip (Fryslân)
Tsjasker It Heidenskip

De Tsjasker It Heidenskip is in poldermole en ryksmonumint by buorskip It Heidenskip yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. De pealtsjasker waard boud yn 1915 en is de âldste pealtsjasker fan Nederlân dy't nea fan syn plak ferhûze. It is ien fan 'e mûnen fan Mûnestifting Súdwest-Fryslân (foarhinne Mûnestifting Nijefurd).

De tsjasker waard yn opdracht fan Jan Noordenbos yn 1915 troch H. Dijksma út Gythoarn boud foar de ûnderbemealling fan polder nû. 287. By de bou makke Dijksma gebrûk fan in âlde grenehouten peal fan 'e Galamadammen, dy't pas om 2010 hinne ferfongen is. Yn 1977 is de pealtsjasker restaurearre.

Yn oktober 2013 waard de tsjasker by in stoarm skansearre en waard it wjukkekrús fernield. De skea is rillegau wer ferholpen.

De mûne is mealree.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Heidenskip fan Wikimedia Commons.