Springe nei ynhâld

Tsjasker Gaasperpark

Ut Wikipedy
Tsjasker Gaasperpark
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Amsterdam
adres Gaasperpark
koördinaten 52°18' N 4°59' E
bysûnderheden
type mûne tsjasker
funksje poldermûne
flecht 5 m
boujier 1978
sloopjier 2024
oare ynformaasje
monumintale status gemeentlik monumint
Kaart
Tsjasker Gaasperpark (Amsterdam)
Tsjasker Gaasperpark

De tsjasker fan it Gaasperpark by Driemond yn Amsterdam-Súdeast wie in wettermûntsje, dat yn 1978 yn it ramt fan 'e Floriade boud waard en dêrnei stean bleau.

It mûntsje koe troch beheinings net kruid wurde en dêrnjonken soarge de begroeiïng fan it park ek foar te min wynfang.

De tsjasker waard yn 2003, 2016 en 2021 renovearre, mar draaie koe it mûntsje net. Yn juny 2024 waard oan it Gein by Abcoude in bettere lokaasje foar de tsjasker fûn.

Op 10 juny 2024 waard de mûne demontearre en ôffierd om troch de mûnder Jan Hofstra út Aalsmeer restaurearre te wurden. Sjoen de net al te bêste steat fan it mûntsje betsjut dat praktysk folsleine nijbou.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: