Springe nei ynhâld

Kust-Salisjaanske talen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tsamosaanske talen)
Kust-Salisjaanske talen
algemien
lokaasje súdlik Britsk-Kolumbia en it
Amerikaanske Noardwesten
tal talen 15 (wêrfan 10 )
tal sprekkers 668 (2014/2016)
taalbesibskip
taalfamylje Salisjaanske talen
subgroepen Sintraal
Tillamûk
Tsamosaansk

De Kust-Salisjaanske talen (ek wol stavere as Kust-Salishaanske talen) foarmje in taalkloft fan 'e Salisjaanske taalfamylje. Dizze Yndiaanske talen waarden fan oarsprong sprutsen yn it súdwesten fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia en dielen fan 'e Amerikaanske steaten Washington en Oregon. De Kust-Salisjaanske talen besteane út trije tûken: de Sintrale Kust-Salisjaanske talen, de útstoarne Tsamosaanske talen en it krektlyk útstoarne Tillamûk (Tillamook). Yn totaal binne der 15 ûnderskate talen, wêrfan't anno 2018 10 útstoarn binne.

De ferwizing nei de kust yn 'e namme fan 'e taalkloft jout de wenkrite fan 'e etnyske groepen oan dy't fan oarsprong de Kust-Salisjaanske talen sprieken, oan 'e kust fan Strjitte fan Georgia, de Puget Sound, de Strjitte fan Juan de Fuca en de Burrard-ynham, wetters dy't mei-inoar de Salisjaanske See foarmje. It skept ek kontrast mei in oare groep fan 'e Salisjaanske taalfamylje, de Ynlânske Salisjaanske talen, dy't just by de kust wei sprutsen waarden. De Kust-Salisjaanske talen wiene fan oarsprong de memmetalen fan 'e Kust-Salisjaanske folken. Argeologyske fynsten wize derop dat de foarâlden fan 'e Kust-Salisjanen har mooglik al omtrint 9000 f.Kr. nei wenjen setten yn wat no súdlik Britsk-Kolumbia en it Amerikaanske Noardwesten is.

Fan 'e 15 Kust-Salisjaanske talen dy't as sadanich troch taalkundigen erkend wurde (de sprekkers beskôgje oer it algemien alle dialekten as aparte talen), binne anno 2018 10 útstoarn, wylst de oare 5 talen op syn meast mar in pear hûndert sprekkers hawwe. De grutste taal yn dizze groep is it Halkomelem, dat de oarspronklike taal is fan ferskate etnyske groepen, en dat yn 2016 noch 500 sprekkers hân hawwe soe. Yn totaal wiene der yn 2014/2016 noch 668 sprekkers fan alle Kust-Salisjaanske talen mei-inoar. Op in etnyske befolking fan likernôch 75.260 minsken komt dat del op in sprekkerspersintaazje fan 0,89%.

Underferdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(dialekten binne yn it skema hjirûnder yn lytsere letters werjûn)

  • Kust-Salisjaanske talen
    • Sintrale Kust-Salisjaanske talen
      • Halkomelem
        • Eilân-Halkomelem (Island Halkomelem, autonym: Hul̓q̓umín̓um̓)
          • Halalt
          • Kouwitsjan (Cowichan)
          • Lake Cowichan
          • Lamaltsja (Lamalcha of Hwlitsum),
          • Ljekson (Lyackson)
          • Malahat,
          • Nanaimo-Nanoose Bay (ek: Snuneymuxw/Snaw-naw-as)
          • Penelakût (Penelakut)
          • Tsjemainus (Chemainus of Stz’uminus)
        • Heechlân-Halkomelem (Upriver Halkomelem, ek: Upper Sto:lō, autonym: Halq̓eméylem)
          • Skwee (Skway)
          • Teet (Tait of Skawahlook)
          • Tsjehalis (Chehalis of Sts’Ailes, net te betiizjen mei it Tsamosaanske Tsjehalis)
          • Tsjilliwek (Chilliwack)
        • Leechlân-Halkomelem (Downriver Halkomelem, autonym: Hunqʼumʔiʔnumʔ)
          • Katzy (Katzie)
          • Kwantlen
          • Kwikwetlem
          • Muskwiim (Musqueam)
          • Snokomisj (Snokomish)
          • Tsawwassen
          • Tsleil-Wautût (Tsleil-Waututh)
      • Komoks (Comox)
        • Komoks (Comox, autonym: Qʼómox̣ʷs)
        • Homalko-Klahûs-Sliammon (Homalco-Klahoose-Sliammon, autonym: ʔayʔaǰúθəm)
      • Lusjûtsiid (Lushootseed, ek: Puget Sound Salish, Skagit-Nisqually, autonym: Dxʷləšúcid) † (2008)
        • Noardlik Lusjûtsiid (Northern Lushootseed) †
          • Skadzjit (Skagit, autonym: Skaǰət) †
          • Snohomisj (Snohomish, autonym: Sduhubš) †
        • Súdlik Lusjûtsiid (Southern Lushootseed) †
          • Duwamisj-Sukwamisj (Duwamish-Suquamish, autonym: Dxʷduʔabš) †
          • Niskwally (Nisqually, autonym: Sqʷaliʔabš) †
          • Pûjallup (Puyallup, autonym: Spuyaləpubš) †
      • Nûksak (Nooksack, autonym: Łə́čələsəm of Łə́čælosəm) † (1988)
      • Pentlatsj (Pentlatch, autonym: Pənƛ̕áč) † (1940)
      • Sesjelt (Sechelt, autonym: Šášíšáɬəm) (4 sprekkers, 2016)
      • Skwamisj (Squamish, autonym: Sḵwx̱wú7mesh of Sqʷx̣ʷúʔməš) (7 sprekkers, 2016)
      • Strjitte-Salisjaanske talen
        • Klallam (Klallam of Clallam, autonym: Nəxʷsƛ̕áy̓emúcən) † (2014)
          • Becher Bay-Klallam (Becher Bay) †
          • Eastlik Klallam (Eastern Klallam) †
          • Westlik Klallam (Western Klallam) †
        • Noardlik Strjitte-Salisjaansk (Northern Straits Salish)
          • Lummy (Lummi, autonym: Xʷləmiʔčósən) †
          • Paukwatsjin (Pauquachin)
          • Samisj (Samish, autonym: Siʔneməš)
          • Sanitsj (Saanich, autonym: Sənčáθən)
          • Semiamû (Semiahmoo, autonym: Tah-tu-lo) †
          • Songiis (Songhees, autonym: Lək̓ʷəŋín̓əŋ) †
          • Sûke (Sooke, autonym: T’sou-ke of C̓awk) †
      • Twana (Twana, autonym: Tuwáduqutšad) † (1980)
        • Kwilsiin (Quilcene) †
        • Skokomisj (Skokomish, autonym: Sqʷuqʷúʔbəšq)
    • Tsamosaanske talen of Olympyske talen (neamd nei it Olympysk Skiereilân)
      • Ynlânske Tsamosaanske talen of Ynlânske Olympyske talen †
        • Koulits (Cowlitz, autonym: Sƛ̕púlmš) † (nei 1990)
        • Opper-Tsjehalis (Upper Chehalis, autonym: Q̉ʷay̓áyiɬq̉) † (2001)
          • Oakville-Tsjehalis (Oakville Chehalis) †
          • Satsop †
          • Tenino-Tsjehalis (Tenino Chehalis) †
      • Kust-Tsamosaanske talen of Kust-Olympyske talen †
        • Kwinôlt (Quinault, autonym: Kʷínayɬ) † (20e iuw)
          • Kwiits (Queets) †
          • Kwinôlt (Quinault) †
        • Neder-Tsjehalis (Lower Chehalis, autonym: Łəw̓ál̕məš) † (20e iuw)
          • Humptulips †
          • Wainûtsjy (Wynoochee) †
          • Westport-Shoalwater †
    • Tillamûk (Tillamook, autonym: Hutyéyu) † (1972)
      • Silets (Siletz) †
      • Tillamûk (Tillamook) †
        • Garibaldi-Nestûkka (Garibaldi-Nestucca) †
        • Nehalem †

Foarhinne waard ek it Bella Kûla (Bella Coola), fan 'e sintrale kust fan Britsk-Kolumbia, as ûnderdiel fan 'e Kust-Salisjaanske talen beskôge. Dy taal dielt teminsten ien fonologyske fernijing mei de Kust-Salisjaanske talen (ntl.: it gearfallen fan 'e Proto-Salisjaanske faryngeäle approksimanten mei de uvulêre wriuwklanken). Mar it fertoant ek beskate oerienkomsten mei de Ynlânske Salisjaanske talen. It tinken ûnder taalkundigen is dêrom no dat as it Bella Kûla al in Kust-Salisjaanske taal west hat, dat it him dan as earste taal fan 'e rest fan 'e kloft ôfspjalte hawwe moat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.