Springe nei ynhâld

Tripolitaanje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tripolitanië)
Tripolitaanje
طرابلس (Ṭarābulus)
histoaryske flagge fan Tripolitaanje, yn gebrûk yn 'e Tripolitaanske Republyk (1919-1923)
histoaryske flagge fan Tripolitaanje,
yn gebrûk yn 'e Tripolitaanske Republyk (1919-1923)
polityk
soarte gebiet lânstreek
lân Lybje
haadplak Tripoly
grutste plak Tripoly
sifers
ynwennertal 3.601.853 (2006)
oerflak 353.000 km²
befolkingstichtens 10,0 / km²
oar
tiidsône UTC+1
De lizzing fan Tripolitaanje yn Lybje.
De ruïnes fan Leptis Magna.

Tripolitaanje (Arabysk: طرابلس, Ṭarābulus; Berbersk: Ṭrables) is ien fan 'e trije histoaryske lânsdielen fan 'e Noardafrikaanske steat Lybje. De namme komt fan it Latynske Regio Tripolitana, wat "Krite fan 'e Trije Stêden" betsjut. Tripolitaanje omfiemet it noardwestlik diel fan Lybje, de nasjonale haadstêd Tripoly ynbegrepen. Yn it Arabysk hawwe de stêd Tripoly en de regio Tripolitaanje trouwens deselde namme, dy't gewoanwei inkeld op 'e stêd tsjut. Om 'e gruttere regio oan te jaan, is yn it Arabysk in taheaksel nedich lykas "steat" of "provinsje".

Tripolitaanje omfiemet it noardwestlike part fan Lybje, ynklusyf de Middellânske-Seekust fanôf de Tunezyske grins yn it westen oant it súdlikste punt fan 'e Golf fan Sirte ta. Yn it westen grinzget Tripolitaanje oan Tuneezje en Algerije; yn it suden oan de Fezzan, dy't it súdwestlike part fan Lybje beslacht; en yn it easten oan Syrenaika, dat it eastlike trêdepart fan Lybje omfettet.

De skyline fan Tripoly.

De stêd Oea, op it plak dêr't Tripoly no leit, waard yn 'e sânde iuw f.Kr. stifte troch de Fenysjers. It waard letter ferovere troch de Griken út Syrenaika wie, dy't sels oan 'e kant reage waarden troch de Kartagers. De Grykske namme Τρίπολις (Tripolis), dat "trije stêden" bestjut en referearre oan Oea, Sabratha en Leptis Magna, bleau lykwols bestean. De Romeinske Republyk ferovere Tripolitaanje yn 146 f.Kr., wêrnei't de regio ferskate iuwen lang florearre as ûnderdiel fan it Romeinske Ryk. De Latynske namme Regio Tripolitana, dêr't ús namme Tripolitaanje fan ôflaat is, datearret út 'e trêde iuw. Yn 435 oermasteren de Fandalen it gebiet, dy't op har beurt yn 'e 530-er jierren wer ferdreaun waarden troch it Byzantynske Ryk.

It sakedistrikt fan Tripoly.

Yn 'e sânde iuw waard Tripolitaanje ferovere troch Arabyske bedoeïnen dy't it by it Islamityske Ryk foegen, sadat it iuwenlang ûnder it bewâld fan efterinoar de dynastyen fan 'e Omajaden en de Abbasiden kaam. De Fatimiden, dat oarspronklik fazallen fan 'e Abbasiden west hiene, kamen yn 'e tsiende iuw yn opstân en fêstigen in eigen kalifaat, dat him útstriek fan Syrje oant Tuneezje. Yn 'e 1140-er jierren waard Tripoly koarte tiid beset holden troch de Normandiërs dy't har op Sisylje nei wenjen set hiene, mar dy waarden ferjage troch it Almohadyske kalifaat út 'e Magreb. Emir Abu Zakariya, in Almohadyske fazal, fêstige yn 1229 in ûnôfhinklike steat yn Tuneezje en naam koarte tiid letter ek de macht yn Tripolitaanje oer. Neitiid waard it gebiet oant de Osmaanske ferovering fan 1553 behearske troch de Hafsidyske dynasty.

De Osmaanske provinsje Tripolitaanje omfieme ek gebieten dy't ornaris net ta Tripolitaanje rekkene wurde (lykas Syrenaika), en wie dêrmei in foarrinner fan ít moderne Lybje. Under de Karamanli-dynasty waard Tripolitaanje fanôf 1711 feitliken ûnôfhinklik, hoewol't it yn namme in Osmaanske provinsje bleau; dit wie inselde sitewaasje dy't him ek foardie yn Egypte, Tuneezje en de ûnderskate Algerynske steaten. Pas yn 1835, ûnder sultan Machmûd II, krige it sintrale Osmaanske regear yn Konstantinopel wer safolle macht dat it de Afrikaanske gebietsdielen wer ûnder de tomme krije koe. It Osmaanske bewâld yn Tripolitaanje duorre noch fuort oant de Italjaansk-Osmaanske Oarloch fan 1911-1912, wêrby't de Italjanen û.m. Tripolitaanje en Syrenaika feroveren.

Utsjoch op 'e âlde stêd fan Ghadames, yn it westlike binnenlân fan Tripolitaanje.

Oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch waard yn Tripolitaanje yn 1919 iensidich de Tripolitaanske Republyk útroppen. It jonge steatsje stjoerde fertsjintwurdigers nei de Fredeskonferinsje fan Parys, mar dy waarden dêr fierhinne negearre, wylst Itaalje, dat yn 'e Earste Wrâldoarloch in wichtich lid fan 'e Alliëarden wie, aktyf tsjinwurking bea. Yn 1923 strûpte de republyk der úteinlik ûnder, al duorre it noch oant 1930 ear't Itaalje mei grou geweld alle wjerstân yn it gebiet de kop yndrukt hie. Italjaansk Tripolitaanje wie fan 1927 oant 1934 in aparte koloanje, mar waard doe mei Syrenaika gearfoege ta Italjaansk Lybje.

In brêge oer in kleau by de stêd Derna.

Under de Twadde Wrâldoarloch waard Tripolitaanje fan 1942 ôf beset troch de Alliëarden, in besetting dy't fuortduorre oant 1951, doe't Lybje in ûnôfhinklik keninkryk waard ûnder it bewâld fan kening Idris as-Sanusi. Itaalje hie yn 1947 formeel syn oanspraken op it gebiet opjûn. Yn 1959, doe't de âlde kening foar medyske soarch yn it bûtenlân ferkearde, fûn der yn Lybje in bloedleaze steatsgreep plak, dy't in obskuere legerofsier oan 'e macht brocht mei de namme Muammar Kadaffi. Binnen it keninkryk Lybje, en dêrnei ek noch in hoart, behold Tripolitaanje syn status fan provinsje, oant it Libyske steatsbestel yn 1963 yngeand reorganisearre waard en de provinsjes ferfongen waarden troch lytsere gûverneminten. Tripolitaanje waard doe opdiel yn fiif fan sokke nije lânsdielen, te witten: Choms, Zawiya, Djabal al Gharbi, Misrata en Tripoly.

Tripolitaanje is fierwei de tichtstbefolke fan 'e trije Libyske histoaryske regio's (de oaren binne Syrenaika en de Fezzan). De measte gruttere stêden fan Lybje lizze yn Tripolitaanje, mei dêrûnder de nasjonale haadstêd Tripoly, en fierders Choms, Misrata en Zuara. Yn 2006 hie Tripolitaanje goed 3,6 miljoen ynwenners, wat delkomt op 63,3% fan 'e Libyske befolking. Yn etnysk opsjoch is de Tripolitaanske befolking foar it meastepart fan Arabysk of mingd Arabysk-Berbersk komôf. De deistige omgongstaal is foar it grutste part fan 'e befolking it Tripolitaansk-Arabysk en yn 'e súdwestlike hoeke Fezzaansk-Arabysk. Der wurde ferskate Berberske minderheidstalen sprutsen, wêrûnder Sûarysk yn it uterste noardwesten, oan 'e kust fan 'e Middellânske See, Nafûsysk yn it Nafûsaberchtme, Gadamessysk yn it uterste westen, by de Tunezyske súdgrins, en Sôknysk yn it súdeasten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.