Springe nei ynhâld

Trinitas (It Hearrenfean)

Ut Wikipedy
Trinitas
Lokaasje
provinsje Fryslân
plak It Hearrenfean
adres C. van Scheltingawei 1
koördinaten 52° 57' N 5° 55' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 2012
Webside
Side PKN It Hearrenfean
Kaart
Trinitas (It Hearrenfean)
Trinitas

Trinitas is de namme fan in tsjerklik sintrum oan 'e Coehoorn van Scheltingawei op It Hearrenfean. De tsjerke is ien fan 'e trije PKN-tsjerken yn It Hearrenfean .

Yn 2011 waard útein set mei de ferbouwing en ôfbraak (foar in part) fan 'e besteande en eardere grifformearde Jeropaleanetsjerke ta in tsjerklik sintrum. Yn septimber 2010 waard der dêrom foar it lêst in tsjerketsjinst holden. Tagelyk waard oan it tsjerklik sintrum in grutte, nije tsjerke boud. By de feroarings bleau de 25 meter hege betonnen klokketoer stean. Op 3 juny 2012 waard de tsjerke wer yn gebrûk nommen.

Yn 'e tsjerke is plak foar 650 minsken. Op 'e galerij is nochris in útwreiding fan 80 sitplakken mooglik.

Nei de foltôging fan 'e nije tsjerke waarden de Krústsjerke en de Tsjerke oan de Fok troch de tsjerklike gemeente ôfstjitten en yn 'e ferkeap dien.

De tsjerke kin ek ferhierd wurde foar kulturele saken.

It oargel foar de tsjerke stamt út de sletten Krústsjerke en waard yn 1959 troch de firma Reil út Heerde boud. Reil brûkte dêrby piipwurk fan it âldere oargel fan 'e bruorren Rohlfing út Osnabrück út 1922. It ferhûze yn 2012 nei de nije tsjerke. Tagelyk mei de ferhûzing fûn in renovaasje en in technyske ferbettering plak.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: