Springe nei ynhâld

Trijefâldichheidtsjerke yn Nikitniki (Moskou)

Ut Wikipedy
Trijefâldichheidtsjerke

Троицкая церковь

Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres Nikitnikov Pereulok, 3
koördinaten 55° 45' N 37° 37' E
Arsjitektuer
boujier 1628-1651
boustyl barok
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7710469000
Webside
nikitniki.ru
Kaart
Trijefâldichheidtsjerke yn Nikitniki (Moskou)
Trijefâldichheidtsjerke yn Nikitniki

De Tsjerke fan 'e Hillige Trijefâldichheid yn Nikitniki (Russysk: Храм Святой Троицы в Никитниках) is in otterdokske tsjerke yn Moskou, Ruslân. De tsjerke stiet yn it distrikt Kitaj-Gorod en stie yn 'e twadde helte fan 'e 17e iuw ea model foar in soad oare Moskouse tsjerken.

Yn de 16e iuw stie hjir in houten tsjerke ta eare fan de hillige martler Nikita. Dý tsjerke baarnde yn 'e jierren 1620 ôf. De ôfbaarnde tsjerke waard yn 1628-1651 yn opdracht fan 'e keapman Gregogy Nikitnikov, dy't út de omkriten fan Jaroslavl stamde, ferfongen troch in stiennen nijbou. Oer de krekte boudata bestiet lykwols gjin oerienstimming. De nije tsjerke waard wijd oan de hillige Trije-ienheid.

De súdlike kapel waard wijd oan 'e martler Nikita en tsjinne as it plak dêr't Nikitnikov en syn famylje begroeven waard.

Yn 1920 waard de tsjerke sletten foar de earetsjinst en yn 1934 oerdroegen oan it Nasjonaal Histoarysk Museum. Om 'e tsjerke hinne ferskynde nei de Twadde Wrâldoarloch grutskalige moderne kantoarbou.

De Trijefâldichheidtsjerke waard yn 1991 oan 'e Russysk-otterdokske Tsjerke werom jûn. In ynterieur fan de tsjerke is koartlyn renovearre. De muorren fan de tsjerke binne dekorearre mei 17e-iuwske fresko's fan 'e ikoaneskilder Simon Usjakov.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Троицы в Никитниках