Trije-ienheidskleaster (Tsjernihiv)
Trije-ienheid-Elía Kleaster
Троїцько-Іллінський монастир | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
Trije-ienheidskatedraal | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kleaster | |
boujier | 1679-1695 (katedraal) | |
arsjitekt | Johann Baptist Sauer, Vilnius (katedraal) | |
boustyl | Oekraynske barok | |
offisjele webside | ||
Side fan it kleaster |
It Trije-ienheidskleaster (Oekraynsk: Троїцько-Іллінський монастир; Trjoitsko Illinskyj Monastyr) yn Tsjernihiv yn de Oekraïne is in kleaster fan de Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke (patriargaat Moskou). It kleaster waard om 1069 hinne stifte troch de otterdokske hillige Antonyj Antonij Petsjerskyj dy't foar de monastike delsetting op it plak grotten begûn út te graven.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It tsjintwurdige kleaster datearret fan 1649 en waard yn opdracht fan de kozakkelieder Stepan Pobodajlo op 'e nij stifte, nei't it âlde kleaster al yn de tiid fan de Mongoalske ynfallen fan 1239 ferlitten wie. Ut de iere tiid fan it oarspronklike grotkleaster mei ûnder- en boppegrûnske gebouwen bleaune de boppegrûnske Elíatsjerke en de Antoniusgrotten mei meardere ûndergrûnske kapellen bewarre. It hjoeddeiske oansjen fan de eastlik fan it kleaster steande Elíatsjerke is it risseltaat fan in 18-iuwske barokke rekonstruksje. Noardwestlik fan de Elíatsjerke stiet in trijeliddige klokketoer yn de jierren 1908-1910.[1] It kleaster wie yn de 17e iuw de sit fan de aartbiskoppen fan Tsjernihiv.
Under it Sovjetregear waard it kleaster opheft. Nei de ferfolgings fan de ateïstyske autoriteiten waard de katedraal mei de oangrinzgjende grûn yn 1988 werom jûn oan de Tsjerke. Dêrnei waard de tsjerke de katedraal fan it bisdom Tsjernihiv.
Op inisjatyf fan aartsbiskop Lazar Baranovitsj waard yn de jierren 1679-1695 de Trije-ienheidkatedraal boud. Sûnt dy tiid draacht it kleaster ek de namme fan de Trije-ienheid. De katedraal heart ta de moaiste foarbylden fan de Oekraynske barok. In brân yn 1731 wie de oarsaak dat de trijeskippige katedraal foar lange tiid fan de oarspronklike sân mar trije koepels besiet: in grutte sintrale koepel en twa westlike koepels. De koepels dy't by de brân fan 1731 ferlern gien wiene, binne yn de jierren 1980 rekonstrueare.
Yn de katedraal binne 17e-iuwske oant 19e-iuwske muorreskilderings bewarre bleaun, de tsjintwurdige ikonostaze is 20e iuwsk.[2]
Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It kleaster bestiet út de folgjende gebouwen:
- De Elíatsjerke (2e helte fan de 12e iuw);
- de Trije-ienheidskatedraal (1679-1689)
- Refektoariumtsjerke Marije-Timpelgong (1677-1679)
- De klokketoer (1775).
- Ofbylden
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Покровский монастырь (Киев)
|