Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat Moskou)
De Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat Moskou) (Oekraynsk: Українська Православна Церква; Russysk: Украинская Православная Церковь) is in autonome tsjerkemienskip fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke yn de Oekraïne mei it sintrum yn Kiëv.
Yn 988 waard yn de Kiëvske Rûs de Otterdokse Tsjerke as diel fan it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel stifte. Yn 1596 fûn der yn de oan Poalen-Litouwen fallende gebieten in skieding plak en ûntstie dêr de Gryksk-Katolike Tsjerke. Sûnt 1795 hearde it noardlike diel fan de Oekraïne by it Russyske Keizerryk en dêrmei by de Russysk-Otterdokse Tsjerke. Yn it stribjen nei mear autonomy ûnstie yn de jierren 1920 oan it ein yn 2018 de Autosefale Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke.
Under it kommunistyske rezjym waarden alle tsjerken mei de gryksk-otterdokse ritus yn de Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk ûnder it gesach fan it eksargaat fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke set, ek de Uniearre Gryksk-Katolike Tsjerke. Yn maart 1946 waard troch in yn sêne setten synoade de Uny fan Brest út 1596 opsein.
Nei de ûnôfhinklikens fan de Ukraïne yn 1991 spjalte in diel fan de Oekraynske geastlikheid him ôf fan it Moskouse patriargaat en neamden harren tsjerklike organisaasje de "Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke fan it Patriargaat fan Kiëv". De oan it patriargaat fan Moskou trouwe tsjerke hold in autonome status, is foar in grut part selsstannich en hat allinne by it beneamen fan persoaniel mei Moskou te krijen. De oanhing fan de by it partriargaat fan Moskou oansletten tsjerken is benammen yn it easten fan it lân te finen.
Yn feite bestiene der yn de Oekraïne oant de fúzje fan de autosefalen mei de otterdoksen fan it patriargaat fan Kiëv yn 2018 trije grutte otterdokse tsjerken: dy fan it Moskouse patriagaat, dy fan it Kiëvske patriargaat en de autosefalen. Swierrichheden ûntstiene oer bygelyks de kanonike legitimiteit en oer de fraach oan wa't it ûnreplik guod lykas de tsjerken en kleasters takomme. Dêrnjonken is der ek noch ris striid mei de Oekraynsk-Katolike Tsjerke, dy't wol in byzantynske ritus folget, mar de paus fan Rome oan it haad hat.
De Oekraynske oerheid bemuoit him aktyf mei religieuze saken en set de oan Moskou loyale tsjerken yn it lân ûnder druk om harren oan te sluten by de nije Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke. Doe't bekend waard dat it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel de nije tsjerke erkenne soe, joech de Oekraynske oerheid de feilichheidstsjinsten opdracht om ynfallen te dwaan yn tsjerken dy't wegeren de bannen mei Moskou troch te snijen. Tsjerklike saken waarden yn beslach nommen en metropolyt Pavel fan it Petsjersk-lavra liet witte dat der nei preesters en biskoppen ta sprake wie fan yntimidaasje.[1]
Yn jannewaris 2019 folge de erkenning fan de nije ûnder it patriargaat fan Kiëv fallende otterdokse tsjerke troch it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel. Yn 'e selde moanne stelde de Oekraynske oerheid mei in wet fêst, dat de tsjerke, dy't ûnder it patriargaat fan Moskou bliuwe wol, twongen wurde kin it wurd "Russysk" yn de namme op te nimmen.[2]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|