Trije-ienheidskatedraal (Solikamsk)

Ut Wikipedy
Trije-ienheidskatedraal

Троицкий собор

Lokaasje
lân Ruslân
kraj Perm
plak Solikamsk
koördinaten 59° 39' N 56° 46' E
Arsjitektuer
boujier 1684-1697
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 591610423680026
Webside
skm.solkam.ru
Kaart
Trije-ienheidskatedraal (Jeropeesk Ruslân)
Trije-ienheidskatedraal

De Trije-ienheidskatedraal (Russysk: Троицкий собор; Troitski sobor) is in wichtich monumint fan tsjerke-arsjitektuer út it ein fan 'e 17e iuw yn 'e Russyske stêd Solikamsk yn 'e Oeral.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal waard yn 'e jierren 1684-1697 boud yn in tiid dat de stêd in tiidrek fan ekonomyske bloei meimakke. De katedraal ferfong eartiids in houten tsjerke en de bou der fan sette yn 1684 útein, mar al gau wie it jild op en moast de stêd in berop op 'e skatkist fan it lân dwaan. In dekreet fan 'e soeverein út 1688 kende 200 rûbel út de lokale dûane- en hoarekaynkomsten ta, itjinge betocht waard mei in dûbelkoppige earn oan 'e súdlike muorre fan 'e tsjerke en letter in kroan yn it mitselwurk ûnder de kroanlist oan 'e westlike kant. Yn 1690 waard de kapel fan Jehannes de Doper ynwijd, yn 1683 folge de kapel fan Sint-Nikolaas en yn 1697 it haadalter ta eare fan 'e Hillige Trije-ienheid. De stedsbrannen fan 1711, 1741 en 1743 besoarge de katedraal ek skea, mar jimmeroan folge de weropbou.

Yn 1929 waard de tsjerke foar de earetsjinst sletten. Tanksij it feit dat de tsjerke in museale funksje krige, kaam de katedraal de Sovjet-tiid relatyf goed troch.

Yn 1964 folge in restauraasje fan 'e tsjerke ûnder lieding fan Gersjen Davidovitsj Kantorovitsj.

De op in heuvel steande katedraal makket diel út fan in grutter tal tsjerklike gebouwen: in achthoekige klokketoer op in fjouwerkante basis dêr't kantoaren yn ûnderbrocht binne, in Ferrizenis-Bertetsjerke en wat mear de heuvel del de Katedraal fan de Krúsferheffing.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside ru:Троицкий собор (Соликамск).